Jehannes Boorsma debutearret op syn 75’ste mei It sit sa: 'Se sizze wolris: Do bist manysk posityf'

Hy besiket ek wolris om in serieus ferhaal te skriuwen, mar steefêst fleant er nei tsien rigels al út ’e bocht. En dus beheint er him ynearsten mar ta komyske ferhalen. Jehannes Boorsma debutearret op syn 75’ste mei It sit sa.

Jehannes Boorsma heeft 30 verhalen gebundeld in zijn nieuwe boek.

Jehannes Boorsma heeft 30 verhalen gebundeld in zijn nieuwe boek. FOTO JILMER POSTMA

Lees meer over
Boeken

Jehannes Boorsma wit mar al te goed dat er op syn leeftyd ta de risikogroep heart en dus hâldt er de oardel meter ek by him thús yn Drachten safolle mooglik yn stân. Om’t ien fan syn pakesizzers yn Amearika studearret, komt it praat al gau op de koroanaramp dêr, op Trump, op de Nederlânske Trumpbewûnderer Baudet en foardat er it sels yn ’e gaten hat, giet it oer Theo Hiddema. Boorsma komt fan Ferwert, Hiddema fan Holwert. Se ha by elkoar op skoalle sitten, op it lyceum yn Dokkum.

Nieuws

Meest gelezen