Wat wie der mei de trettjin bern fan Obbe en Sjutsje fan de Sânfurderryp? In famylje dêr’t it needlot kear op kear tasloech

Se wiene kreas fan uterlik, de measten koene goed leare en ek op it iis hearden se ta de bêsten. Mar der wie wat mei de trettjin bern fan Obbe en Sjutsje Postma fan de Sânfurderryp. Broeder Dominicus Roelofs fan de Sint Jozefstichting yn Apeldoorn, dêr’t fjouwer Postma’s in grut part fan har libben trochbrochten, neamde se ‘de familie Smart’.

Obbe en Sjutsje mei harren trettjin bern foar it weinhok achter de Tempelpleats yn ’e Sânfurdterryp, by gelegenheid fan harren sulveren brulloft yn it foarjier fan 1926. Achteroan: Jappy (19), Gatske (17), Yeb (21), Súske (14), Rudolf (15), Bertus (20), Harm (22) en Gryt (13). Foaroan: Tsjerkje (23), Obbe (52), lytse Obe (8), Bonne (11), Sjutsje (50), Sjoerd (24) en Dreke (12).

Lees meer over
Boeken

De ien sei fan harsels dat se it krigen hie ‘ûnder it striken yn it âlde hûs’, de oar soe ‘him oer de kop leard’ ha. Wat mear bern opnommen waarden, wat dúdlik waard dat it net fan it striken of it learen kaam, mar dat der in genetyske doem oer de trettjin broers en susters lei. Se makken diel út fan in ‘zeer belaste familie’.