It bêste boeke-advys oait: Fedde Dijkstra syn earste Fryske oersetting moast in boek fan Joseph Roth wêze

It oerkomt him geregeld dat er in roman nei tsien of tweintich siden oan kant leit. Nei in pear siden Joseph Roth wist Fedde Dijkstra: fan dizze man wol ik alles lêze. It koe net oars of Dijkstra’s earste Fryske oersetting moast in boek fan Roth wêze: De rebel.

Fedde Dijkstra yn kafee Wouters yn Ljouwert. ,,Setst yn it byskrift al eefkes dat it konjakje in earbetoan oan Roth is?’’

Fedde Dijkstra yn kafee Wouters yn Ljouwert. ,,Setst yn it byskrift al eefkes dat it konjakje in earbetoan oan Roth is?’’ Foto: Niels Westra

Lees meer over
Boeken

Twa jier lyn, by de safolste besunigingsoperaasje, wie ek einredakteur Fedde Dijkstra fan de Leeuwarder Courant oan bar. Hy wie 63 jier en krige in regeling oanbean dy’t it him mooglik makke om, fjouwer jier ear’t er pensjoen krige, op te hâlden. Dêrmei kaam in ein oan in karriêre yn de sjoernalistyk fan 45 jier.

Nieuws

menu