In katteferhaal út skuldgefoel: Ate de Jong ferwurket it yn syn boek

Skriuwer Ate de Jong. Foto: Niels Westra
In bucketlist - behalve dat er de PC noch sa faak mooglik bywenje wol - hat er net. Ek net no’t er de santich krekt foarby is. Mar der wie ien ding dêr’t er altyd noch wat mei moast: dy kear dat er yn in lilke bui in jonge kat tsjin in muorre smiet.
,,Ik tocht: wat soe it moai wêze as ik jonges fan in jier as fyftjin, sechstjin helpe kin by it ferwurkjen fan de rare dingen dy’t se as bern úthelle hawwe. Sadat se harren hiele libben net omrinne hoege mei in skuldgefoel.’‘
Jierrenlang wie er ferbûn oan Tûmba yn Ljouwert, in organisaasje dy’t opkomt foar slachtoffers fan diskriminaasje. Dêrneist hat Ate de Jong (1951) altyd warber west yn alderhanne aksjegroepen. Sa wie er yn 1977 ien fan ‘e oprjochters fan it FAFK, it Frysk Anti Faksisme Komitee.
As sjoernalist skreau er, behalve oer keatsen, meast oer politike en maatskiplike ûnderwerpen. Mei it twatalige En dat foar in kat/En dat voor een kat makket er foar it earst in útstapke nei de literatuer, nei de fantasij.
Ate de Jong: ,,It wie wat nijs foar my. Ik wist earst ek net hoe’t ik it ha moast. As ik der in soarte fan autobiografy fan makke, wie ik bang dat it lykje soe as frege ik om begryp foar wat ik dien ha. Dêr wie ‘k noch net oan ta en no eins noch net.’’
,,Doe kaam ik op it idee om fanút in kat te skriuwen. Dêrmei koe ik dy kat tsjin Ate sizze litte: besjoch it ris fan in ôfstân. As ik my dat sels sizze lit, hie ik der fuortendaliks achteroan tocht: it bliuwt in kloatestreek.’‘
Joadsk monumint
De ferteller yn En dat foar in kat is Bonne, in kat dy’t út ‘e doeken docht hoe’t er yn elk fan syn njoggen libbens hieltyd wer mei Ate te meitsjen krijt. Behalve yn it earste dan, dat spilet yn ‘e Twadde Wrâldoarloch en doe wie Ate der noch net. ,,De ynfloed fan dy oarloch hat sa grut west, dy hat my altyd sa bot fassinearre, dy moast deryn.’‘
In pear wike lyn makke De Jong yn de LC noch beswier tsjin de fermelding op it Joadske monumint yn Ljouwert dat alle Joaden yn ‘e stêd ôffierd binne troch de besetter. Wylst it yn werklikheid Nederlânske plysjemannen wiene dy’t de Joaden op transport setten.
De measte plysjemannen dy’t dêrmei anneks wiene, sille - sa reagearre Jan Lensen fan It Hearrenfean - dat net út harsels dien ha. De konsekwinsjes fan wurkwegering hiene - sa wreed wie de besetter wol - grut wêze kinnen.
De Jong: ,,Dat is wier. It giet my der ek net om dat ik nei dy plysjemannen wiis mei myn fingerke. Wat ik wol is dat wy nei ússels sjogge en dat wy dêr wat fan leare. Hoe hawwe wy it safier komme litten doedestiids en hoe kinne wy foarkomme dat soks wer bart?’‘
Dy fragen wiene ek de reden dat Ate de Jong yn 1977 ien fan ‘e oprjochters fan it FAFK wie. ,,De Nederlandse Volksunie fan Glimmerveen en de Centrum Partij fan Janmaat waarden oprjochte. Dêr wie it FAFK in reaksje op. Janmaat krige ien setel yn de Twadde Keamer. Alle oare 149 Keamerleden namen ôfstan fan Janmaat en sprutsen fan ‘een zwarte dag voor de democratie.’ No sitte der dik tweintich fan dy Wilders- en Baudetlju yn ‘e Keamer. Wy binne - sa slûpende wei - moai opsketten.’‘
Grifformeard
Yn syn lettere libbens dûkt Bonne hieltyd wer by Ate op en sa krijt de lêzer in idee fan wa’t Ate is en hoe’t er oant no ta troch it libben rôle is. Sa lêst er oer de mem dy’t de jonge Ate net echt seach, de earste ferlyfdheid en hoe’t er as drummer soms folslein lokkich wie.
Mar Bonne makket ek dingen mei dêr’t Ate net yn behelle wie. Sa wennet er in skoft by in grifformearde húshâlding yn Dokkum dêr’t de heit syn bern mishannelet om’t er mient dat soks him troch de Bibel hjitten wurdt. Dat is net autobiografysk, seit De Jong. ,,Mar as ik kâns sjoch om in tik út te dielen oan it dogmatyske leauwen sil ik dat net litte.’‘
Ek Ate syn heit wie oait grifformeard, mar al foar de berte fan Ate, hie er it leauwen ynruile foar it kommunisme. ,,Dêr wie er aardich stellich yn. Mar as it oer persoanen gie, wie er folle mylder. In fêst sechje fan him, as er minsken net begriep, wie - en dat sei er yn it Nederlânsk: ‘Ate, de mens is een gecompliceerd wezen’.’’
Stoerdwanerij
Bonne hâldt Ate, en gauris it hiele minskdom, in spegel foar. Sa neamt de kat de minske ‘in ûnplezierige soarte’ dy’t gaskeamers bout en hinnen, bargen en bern mishannelet. Ate leit dêr tsjinyn dat de minske ek ta moaie dingen by steat is.
It is Bonne dy’t Ate foarhâldt dat alle minsken meardere kanten hawwe, dat hilligen net besteane. En dat er dat akseptearje moat. ,,Do moatst dy lytse Ate ferjaan. De Hear docht it net.’‘
De Jong wit noch altyd net wêrom’t er dat katsje oait tsjin in muorre smiet. Wie it lilkens? En wêrom wie er dan sa lilk? Of wie it stoerdwanerij? Woe er oan syn maat sjen litte: dit doar ik?
Oan de ein fan it boek komt Ate in jonkje tsjin dat in moskje mei in katapult deasketten hat. De jonge is syn ried tenein. Ate, sa skriuwt Bonne, besiket him te treasten, riedt him oan it oan syn kat te fertellen. As Ate en Bonne eefkes letter it doarp útrinne, seit de earste: ,,Wat in moai lyts jonkje.’‘
Ate de Jong: ,,Dat hie ik, foardat ik oan it boek begûn, net út ‘e pinne krigen. Ik wie net iens op it idee kaam, dêrfoar wie it skuldgefoel te grut. No tekenet Bonne it op út ‘e mûle fan Ate. Ik sil net sizze dat it skriuwen terapeutysk west hat, holpen hat it wol.’‘
Boek
Titel En dat foar in kat/En dat voor een kat
Skriuwer Ate de Jong
Utjouwer Het Nieuwe Kanaal
Priis 19,50 euro (192 s.)