Douwe en Reino ferhúzje fan 'e stêd nei it plattelân, mar oft it goed is foar harren houlik?
In frou dy’t harsels tekoart docht, dêr hie de nije roman fan Sjieuwe Borger oer gean sillen. Nei in earste ferkenning kaam er op hiel wat oars út. List, lust, leafde giet oer de houliksperikelen fan in echtpear dat nei jierren yn ’e stêd weromgiet nei it plattelân.

Sjieuwe Borger: ,,Willem Abma joech as advys: earst fyftich Fryske boeken lêze om idioom op te dwaan. Dêr ha’k my aardich oan holden.’’ Foto: Hoge Noorden/Jacob van Essen
It is al wer achttjin jier lyn dat Sjieuwe Borger (Meppel, 1964) mei It ferrin fan de tiid debutearre as Frysk romanskriuwer. Doe al kondige er oan dat er gjin one hit wonder wêze woe en dat er fan doel wie om de jierren dêrnei stadichoan troch te skriuwen, krekt sa lang oant syn produksje it stal fan in oeuvre krije soe.