Hein Jaap Hilarides: 'Oarloch is net swart-wyt, mar griis'

Hy makket it himsels net maklik. As Hein Jaap Hilarides skoare woe, dan hie hy yn syn nijste roman Beppe Xenia skreaun oer allinnich de goeie dieden fan Biltkers yn ’e Twadde Wrâldoarloch. ,,Mar de oarloch is net swart-wyt, mar griis.”

Skriuwer Hein Jaap Hilarides foar de pleats De Bouckhorst, dy't in rol spilet yn syn nije roman 'Beppe Xenia'.

Skriuwer Hein Jaap Hilarides foar de pleats De Bouckhorst, dy't in rol spilet yn syn nije roman 'Beppe Xenia'. FOTO CATRINUS VAN DER VEEN

Nei trije jier is it twadde diel fan in trilogy oer de Biltske famylje Wassenaar klear. Skriuwer Hein Jaap Hilarides nimt yn Beppe Xenia de lêzers mei nei hoe’t de famylje Wassenaar de Twadde Wrâldoarloch op It Bilt belibbet.

Earst mar efkes wat ophelderje: dé famylje Wassenaar yn it boek bestiet net. ,,It is in roman, de personaazjes binne fiktyf, mar de ferhalen dy’t se belibje binne foar in grut part wol wier”, seit Hilarides. En in pear fan dy ferhalen hawwe har ôfspile yn syn famylje.

Beppe Xenia is de opfolger fan De trekker fan Troje . Yn dat boek gong it oer de Biltske boeren. En oer de lilkens fan boeren tsjinoer it eigen regear en ‘Europa’ oangeande de lânboupolityk mei yn ’e haadrol de bruorren Hero en Friso Wassenaar. Dat wie diel trije fan de romansyklus.

Trilogy

,,Ik wu rkje nei it ferline ta”, seit Hilarides dy’t eins al sûnt 2000 it idee foar de trilogy hie. ,,Ik bin doe begûn mei it opskriuwen fan dingen dy’t op It Bilt spile hawwe mei it jiertal derby. Mei it idee dêr oait wat mei te dwaan.” Geandewei betocht Hilarides dat hy de skiednis fan de polder It Bilt fertelle woe, mar hy woe gjin skiednisboek meitsje mei allinnich in opsomming fan feiten. En sa ûntstie de famylje Wassenaar. Oan de hân fan dy famylje beskriuwt hy in skiednis fan sa’n 500 jier It Bilt.

Hero en Friso Wassenaar binne de bernsbern fan Xenia en Freek Wassenaar. It yn Beppe Xenia noch jonge stel mei trije bern wennet op ’e pleats De Bouckhorst yn Wijngaarden (letter Sint Jabik), oan de râne fan de Waadsee. Sy komt út Maribor yn Slovenië dêr’t se Freek moete hat doe’t dy in skoftke by har heit op ’e pleats wurke. It is net tafallich dat it ferhaal him foar in part ôfspilet yn Slovenië. Hilarides hat der ein 2017 in pear moanne wurke. Hy koe dêr hinne mei stipe fan Other Words/Oare Wurden, in útwikselingsprojekt foar lytse talen.

,,Ien fan de betingsten wie dat ik ynformaasje oer Maribor brûke moast yn in ferhaal. Foarôf hie ik yn myn plan oanjûn dat de haadpersoan yn Beppe Xenia út dat lân komme soe en frou wie. Sy soe in Fryske boer treffe en dêr mei trouwe yn 1933. Yn it jier dat Hitler oan ’e macht komt yn Dútslân. Yn de Twadde, mar eins ek yn de Earste Wrâldoarloch is der yn Maribor hiel wat bard. Ik bin op syk gien nei ynformaasje dy’t ik no ek ferwurke ha yn Beppe Xenia .’’

Kriichsfinzenen

It wie dreech om Slovenen op ’e tekst te krijen oer wat der yn it ferline bard is. ,,De oarloch hat dêr djippe wûnen neilitten. Minsken woene der net oer prate.” Yn 1941 waard de stêd ynnaam troch de nazy’s mei it doel om it lân wer Dútsk te meitsjen. Dochs hat er ferhalen optekene kind fan in frou dy’t fertelde oer de kriichsfinzenen dy’t yn ’e oarlochsfabriken fan de Dútsers yn ’e stêd wurken. En hoe’t dy mei bussen troch Slovenen yn feiligens brocht waarden as alliearden bombardeminten útfierden op ’e fabriken.

In soad ynformaasje foar syn boek hat de skriuwer ek út de argiven fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD) yn Amsterdam helle. Oeren hat er trochbrocht yn it kennis- en ynformaasjesintrum oer oarloggen, de holocaust en genoside. Hy krige sa fet op ’e oarloch, seit er. ,,Ik haw in hiel soad ferslaggen lêzen fan ferhoaren fan Dútsers dy’t oppakt wiene.” Hilarides hat him bot fernuvere oer dat dy kriichsfinzenen hielendal gjin berou hiene. Dat dêr minsken oppakt en ôffierd binne nei konsintraasjekampen, as al dy miljoenen deaden dy’t sy op harren gewisse ha, it die harren neat. ,,Sy leauden deryn dat sy as nasjonaalsosjalisten striden foar in goeie saak. Boppedat, sy wienen as militêren ek mar stjoerd, fertelden se.”

Maklik skoaren

Ut al dy ferhalen hat Hilarides de Dútser Dietrich Kleeblatt ‘boud’. In hege offisier dy’t kunde hat oan Xenia. Beide hawwe mekoar moete yn Maribor. Se hiene in koarte românse en komme mekoar op It Bilt wer tsjin. Harren relaasje leit yngewikkeld, seit Hilarides. ,,Ik ha myn fantasy wol wat loslitten op dy beide, want wat fine se eins fan mekoar.” Hy hie, sa seit er, it himsels maklik meitsje kind troch de Dútsers yn it ferhaal gjin gesicht te jaan. Hy hie ferhalen skriuwe kind oer it ferset op en rûnom It Bilt. ,,Mar allinnich mar skriuwe oer helden, dat is te maklik.” Wêrom? ,,Omdat dat maklik skoaren is. En de oarloch is net swart-wyt, mar griis.”

Hilarides hat foar syn boek ek in tal minsken ynterviewd dy’t de oarloch meimakke ha. Ien fan harren is syn 100-jierrige beppe Reintsje, fan memmekant. Sy hat bygelyks ferteld oer in skiep dat mei de hoarnen op it rút tikket. De famylje Wassenaar slacht de skrik om it hert, want tinke dat it de Dútsers binne dy’t in ynfal dogge.

,,Dat ferhaal, dat wier bard is, moast yn it boek. It is in grappich gegeven. Dat kin ús beppe goed, in earnstich ferhaal fertelle mei in humoristyske draai deroan.”

Yn syn famylje wienen der ek minsken dy’t heulden mei de fijân, moat Hilarides bekenne. Oft dat slim wie? ,,De minsken dy’t by de NSB sitten hawwe, binne nei de oarloch wer yn de famylje opnaam en der waard net mear oer praat.” As motto hat Beppe Xenia in sitaat út psalm 103 út de Bibel meikrigen: ‘As it gers is it libben fan de minske’. ,,Dat sei de dûmny op de begraffenis fan de persoan dy’t fout west hat. Mar sa’n tekst seit eins alles oer goed en kwea. It libben fan de minske is kwetsber, mar nei de dea is eltsenien gelyk. It oantinken oan dy persoan is fansels net foar elk itselde.”

Ferrieder

Y n it boek is dúdlik te sjen dat it troch Hilarides skreaun is. Hy wol folsleine ynformaasje jaan en soms miskien wol wat te sekuer wêze. Hy kin soms min keuzes meitsje. Sa wurdt de roman ynienen ‘ûnderbrutsen’ troch twa ferhalen oer de kreak fan de klûs op it gemeentehûs fan Sint Anne. Ien oer de held dy’t der mei de fersetsgroep yn slagge wie persoansbewizen te stellen en ien oer de ferrieder fan dy knokploech. ,,Ik ha besocht it derút te heljen, mar dat slagge my net. Mar hawar, ik bin in post modernistyske skriuwer. Dan kin in soad”, fynt hy. En dochs in bytsje eigenwiis: ,,En boppedat, it is myn ferhaal. Ik fertel it sa as ik dat wol.”

Underwilens is Hilarides begûn oan it slot fan syn trilogy. De fiktive famyljekronyk oer de Wassenaars fan It Bilt einiget mei diel 1. ,,Yn dit lêste diel moat ik noch 400 jier skiednis ferwurkje.” Hy sil bygelyks Pieter Jelles Troelstra, mar ek Rembrandt van Rijn opfiere. Dy mannen meitsje ek diel út fan de skiednis fan It Bilt. ,,Dêr kin ik fansels net omhinne.” Troch koroana leit er goed op skema, seit er. Ommers, de skriuwer en muzikant kin net optrede en hat no folle mear tiid.

Boek : Beppe Xenia

Skriuwer : Hein Jaap Hilarides

Utjouwer : Bornmeer

Priis : 19,90 euro (240 siden)

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken