Wat dichter Hidde Boersma leard hat fan Five Percenters en soefisme

Wat moatte de Five Percent Nation, Johan Cruijff en de soantsjes fan de dichter yn de nije bondel fan Hidde Boersma? De tinzen befrije, fansels.

Hidde Boersma: ,,Ik wol net opnij kaders oplizze.’’

Hidde Boersma: ,,Ik wol net opnij kaders oplizze.’’ FOTO MARNIX SCHMIDT

‘Dûnsje mei as de Derwysk yn de Fiif Persint’, stiet yn Fier wêze , foaryn Dûnsje mei de Derwysk , de nije bondel fan Hidde Boersma. En yn E.S.S.E.H. giet it sa: ‘Der is gjin mystearje, / gjin mysterieuze god / Ik ha in earm / Ik ha in skonk / Ik ha in skonk / Ik ha in earm / Ik ha in holle’

Wie it net Jay-Z dy’t rapte: ‘ Arm, leg, leg, arm, head: this is God’s body’ ? Jawis, yn it nûmer Heaven . En jout dat net A.L.L.A.H, wêr’t it by Boersma dus delkomt op E.S.S.E.H. ? De god sit yn josels, dat is ien fan de grûntinzen fan de Five Percent Nation.

,,Allah, dêr ha ik in oar wurd foar betocht”, seit Hidde Boersma (Wiuwert, 1980). It giet him ek hielendal net om Allah of islam, en dêr giet it by dy Five Percent Nation eins ek net om.

De Derwysk yn’e rûnte

Dat jildt ek al foar it soefisme, de mystike streaming yn de islam dêr’t de IS en sokke otterdoksen graach mei ôfrekkenje soene, kapmes yn ’e oanslach. Boersma ferwiist dêr dúdlik nei, sjoch allinne mar nei de titel fan syn bondel: Dûnsje mei de Derwysk . Dat is de geastlike, de tsjoender dy’t ta religieuze ekstaze komme wol net troch wurden, mar troch bygelyks yn de rûnte te draaien.

Five Percent Nation, soefisme: se lizze yn inoars ferlingde, wat Boer-sma oanbelanget. Yn it lêste waard er ûnderwize troch Nasr Abu Zayd, de Egyptyske liberale teolooch dy’t om syn ideeën, dat de Koran earder in kultureel produkt is as in godlik skriuwen, nei Nederlân flechtsje moast.

Boersma syn kennis fan de Five Percent Nation komt fan de hip-hop. Minsken as Jay-Z en Nas (‘ Kids listen : Five-Percenters say there’s pork in Jell-O’ ) ferwize der drok nei. De groep Wu-Tang Clan makket in firtuoaze sintese fan de tinzen fan de Five Percent Nation en, bygelyks, de mytology fan âlde kung-fu-films. De stedsdielen fan New York krije nije nammen: Harlem waard Mecca, Queens waard The Desert, Staten Island (dêr komt de Wu-Tang Clan wei) wie ynienen Shaolin.

Boersma lústere al jong nei hip-hop. Ik fertel him dat ik ris mei de komplete, of hast komplete (dat witte je ek nea mei sokken) Wu-Tang Clan yn in buske siet. It wie net lang nei harren earste album Enter The Wu-Tang (36 Chambers) , de hiele ploech fan in stik of acht man hie krekt in spektakulêr optreden jûn op it Rotterdamske festival Metropolis, yn 1994. En ik soe harren ynterviewe.

Prate yn tongen

No, dat haw ik witten. De manlju wiene al aardich yn hegere sfearen en ik koe der net folle sinnichs út krije. Mar no wit ik: se praten fansels yn tongen, dizze profeten fan de Five Percent Nation. De lêste jierren ha de measte Wu-Tang-leden nammers ek ferskate boeken skreaun.

Boersma moat laitsje om dit ferhaal. ,,Ha ha, ja, se ha grif yn tongen sprutsen. Ik snapte der earst ek neat fan.” Mar dit is him no wol dúdlik, ek fanwegen it boek Why I Am A Five Percenter , fan Michael Muhammad Knight: in wite Amearikaan. ,,It is in hiel nijsgjirrige tinkwize, wêryn’t leagens ûntmaskere wurde dy’t minsken ûnfrij hâlde. Net frjemd dat rappers dêrmei oan de haal geane, fansels.”

Saken as religy en rasselear wurde ûntmaskere, seit er, toch absurditeiten en omkearingen. ,,En troch sels ek in soarte masker op te setten. Soks brûke se om, sûnder kaders, dochs in hiel soad te sizzen oer hiel belangrike dingen.” It is suver poëzy.

Rasisme is fansels sa’n wichtich ûnderwerp. Wêrom, bygelyks, wurdt yn Amearika it blanke (of wite) ras oantsjutte as Caucasian , wylst de bewenners fan de Kaukasus troch harren neiste buorlju no krekt net as blank sjoen wurde? Sokke dingen, ,,dat is echt in mindfuck . Hiel apart ast deroer neitinkst, hiel raar.”

Franeker, Froonacker, Frentsjer

En soks kinst ek trochlûke nei Fryslân. ,,Eartiids wie Franeker de Fryske foarm van Froonacker. Mar no is Frentsjer goed Frysk, en Franeker Nederlâns. Mar wat is dan Frysk?” En wat is dan identiteit?

Boersma gnysket as ik fertel dat ik hiel tafallich, letterlik mar dan ek letterlik krekt foardat ik syn bondel foar it earst iepene, in artikel lies oer de Five Percent Nation en hip-hop. Sa folle wist ik der no ek wer net fan. Je soene hast in kosmysk ferbân lizze. Want de Five Percenters ha ek in protte mei sokke saken as numerology, oant harren logo’s (te sjen by rappers as Jay-Z en Jay Electronica) ta.

,,As ik earne neat mei ha, is it wol mei numerology, en fansels is it tafal datsto dat artikel krekt doe ûnder eagen krigest, en gjin kosmysk yngripen. Mar as je dêr in bytsje boartlik mei omgeane, hinderet it wer neat. Dat boartsjen mei sifers is in moaie tool om earne oer nei te tinken.”

De Five Percent Nation, it soefisme: ,,It binne net hiel dúdlik omlijnde streamingen. Dat fyn ik hiel befrijend, ik wol net opnij kaders oplizze. Ik wol de tinzen befrije.” Sa is it mei syn dichtsjen ek. ,,Sa besykje ik te begripen hoe’t de wrâld yninoar sit, en wat myn plak dêryn is.”

Dat liedt ek ta gedichten as It Bruce Springsteen-libben , dêr’t er it wurd yn oan in personaazje, arbeider fansels, liket te jaan út de ferskes fan dy rocker: ,,Hy jout dêr in universele jildichheid oan.” Of ta Pech of lok , boud op twa útspraken fan Johan Cruijff: ,,Eins ek in orakel, in filosoof, sûnder dat er it sels trochhie. In profeet, krekt as Nasr Abu Zayd. Dy is ris oan myn ferskynd yn in dream. Yn in krytstreeppakje.”

Of in tal gedichten oer syn soannen, no fiif en sân. Bern, as dragers fan de takomst, binne ek wichtich yn de Five Percent Nation, mar alla. Hy fertelt dat syn jongste syn boarterspopkes yn in sebearetaal prate lit. Mar dat wol er eins net witte. ,,‘Niet kijken, niet kijken’, seit der dan. Soks is hiel yntym. Ik wie itselde, doe’t ik lyts wie.”

Doedeïsme

Dat is er no wol foarby, dy skamte, no’t er dichtet en proaza skriuwt. Hy hat it ek net fan in frjemd: syn heit is Piter Boersma: dichter, skriuwer en de man fan útjouwerij Hispel. ,,In boekeman, dêr kinne wy altiten goed oer prate.” Heit en soan wenje nammers beiden om utens, yn Loenen aan de Vecht. Mar it skriuwen, it wurd, komt ek fan de oare kant: Doete en Saakje Venema, susters fan syn mem, hawwe ek boeken skreaun.

Syn bondel De rop om Doede is foar in part basearre op de Dude: de fleurich-filosofyske haadfiguer fan de film The Big Lebowski fan de Coen-bruorren. Syn dudeism , en yn de Volkskrant waard Boersma syn fariant al beneamd ta doedeïsme , hat in protte fan it taoïsme, ek al sa’n easterske tinkstreaming. ,,En ek hiel frije tinzen, dêr’tst net maklik de finger op lizze kinst.”

Dêr’tst wol de finger op lizze kinst is it idee út de Five Percent Nation, it soefisme en noch wol in tal streamingen, dat der eins gjin god is bûten dysels. Bist sels dyn eigen god, ,,net ien oars is de baas’’.

En dan binne wy ek wer thús, alteast, yn de wrâld fan de Friezen. ,,Ik hie it der mei myn freondinne oer, dy’t net út Fryslân komt nammers. It sit him ek yn de Fryske folksaard. Leaver dea as slaaf.’’

,,Ik bin ek net sa fan de regels. Myn teory is dat dat komt omdat de regels dy’t wy folgje moatte eins net ús eigen regels binne. It binne de regels fan de Hollanners. No binne dy oer it generaal aardich op te folgjen, mar dochs, it is goed om dat te beseffen. Dat is ek ien fan de lessen fan it doedeïsme.”

Hidde Boersma: Dûnsje mei de Derwysk. Utjouwerij Hispel, 53 siden, 15 euro

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Interview
Friese taal en cultuur