Fryske dichter Abe de Vries: 'Myn skriuwen is terapeutysk'

Abe de Vries (1965) fan Aldsyl wurdt troch guon beskôge as ien fan de grutste Fryske dichters fan dizze iuw. Yn Blaumelly, syn tsiende bondel dy’t krekt ferskynd is, bewiist er dat mar wer ris. Mar wat hawwe je dêroan, sa seit er, as de taal ferdwynt wêryn’t er him uteret?

Abe de Vries: ,,Ik besykje myn gefoelens om te setten yn keunst. It is in tsjinreaksje: fan eat dat net moai is, wat moais te meitsjen.’’

Abe de Vries: ,,Ik besykje myn gefoelens om te setten yn keunst. It is in tsjinreaksje: fan eat dat net moai is, wat moais te meitsjen.’’ Foto MARCHJE ANDRINGA

Lees meer over
Boeken

,,Kom deryn!’’ Abe de Vries hâldt de doar fan syn lytse wente yn Aldsyl wiid iepen. ,,Plof dêr mar del”, en hy wiist nei in rookstoel, sa’n eksimplaar dy’t doetiids ek by in soad pakes en beppes yn ’e húskeamer stie. De helte fan de wenkeamer is folle mei boeken. Ut in laptop klinkt Schuberts njoggende symfony.

Nieuws

menu