Folksferhalen neffens it resept fan Sjoerd Bottema: Minsken dy’t doge is gjin ear oan te beheljen

Doe’t er mei pinsjoen gie, hie er alle tiid foar de skriuwerij en soe it heve. It hat lykwols njoggen jier duorre ear’t syn folgjende boek útkaam. Mar no is it der: De grize oer de grouwe, folksferhalen neffens it resept fan Sjoerd Bottema.

Sjoerd Bottema: ,,Minsken dy’t it goed giet, dy’t it bêste mei in oar foar hawwe, dy’t altyd de goeie dingen dogge is gjin literatuer fan te meitsjen.''

Sjoerd Bottema: ,,Minsken dy’t it goed giet, dy’t it bêste mei in oar foar hawwe, dy’t altyd de goeie dingen dogge is gjin literatuer fan te meitsjen.'' FOTO NIELS WESTRA

Lees meer over
Boeken

T ige produktyf hat Sjoerd Bottema (72) út Weidum noait west hat as skriuwer. Nei syn debút It fertriet fan dokter Kildare yn 1994 is De grize oer de grouwe pas syn fiifde boek, it boekewikegeskink dat er yn 2006 mei Baukje Wytsma skreau, net meirekkene. Mar sels foar Sjoerd Bottema is njoggen jier fan swijen de lange kant it neist. It sil, tinkt him, wol komme om’t er diskear alle tiid hie.

Nieuws

menu