Yn twadde bondel fan Sipke de Schiffart is alle romte foar laitsjen om dyn eigen ellinde | resinsje ★★★☆☆

Sipke de Schiffart – In running gag om te gûlen (2022).

Sipke de Schiffart – In running gag om te gûlen (2022).

Tragyk hat in komyske kant, it momint datst allinne noch mar laitsje kinst om it libben en al syn pynlike mominten. It ferrommet, dat laitsjen om dyn eigen ellinde. Yn de twadde bondel fan Sipke de Schiffart, In running gag om te gûlen, is alle romte foar soksoart laitsjen. As in running gag, in grap dy’t hyltiten wer weromkomt.
Lees meer over
Boeken

Tragyk hat in komyske kant, it momint datst allinne noch mar laitsje kinst om it libben en al syn pynlike mominten. It ferrommet, dat laitsjen om dyn eigen ellinde. Yn de twadde bondel fan Sipke de Schiffart, In running gag om te gûlen, is alle romte foar soksoart laitsjen. As in running gag , in grap dy’t hyltiten wer weromkomt.

Yn dizze tsjokke bondel fan 60 gedichten fjochtsje sarkasme, humor en fertriet mei-inoar. Dat begjint al yn it earste gedicht oer Leffert Jagersma. Leffert mishannele de fisken yn de opfeart fan Longerhou. ‘Heare God, wêrom libje dizze man / en de minsken dy’t om syn grapke laken / in heale iuw letter noch altyd.’

Dat is de running gag : geweld tsjin bisten, it grutte jild, minsken dy’t kwetsber binne, arrogante boppebaaskes en lytse bern. Se binne allegear opslein yn it dichterlik ûnthâld en se komme werom. In bernetiid op in pleats wurdt de boarne foar it momint dat de berne-oerstrûpers yn de útferkeap binne: ‘gelokkich, tocht ik / de berne-arbeid yn Fryslân / is op syn retoer.’

Titel In running gag om te gûlen Skriuwer Sipke de Schiffart Utjouwerij Hispel Priis 15 euro (72 siden)
★★★☆☆

Dan is der de jonge dy’t net boer wurde wol. Dy’t allinne op ’e tiid fan bêd ôfkomt op in tsjustere desimbermoarne as heit fertelt dat Mick Jagger deasketten is. Dat blykt John Lennon te wêzen. De tragyk is kompleet. Kinst derom laitsje, mar de pine spat fan it papier ôf.

Yn it twadde part fan de bondel siket de dichter in útwei foar de tragyk. Dat docht er yn de leafde. Dat mislearret kear op kear, fansels, it wurdt de nije running gag . Spitich, mar dat part is in stik minder as it earste. De leafde komt sa no en dan as in klisjee it gedicht ynstappen: ‘myn leafste en ik / wy gûlden / ik tute / de triennen / fan har wangen.’

Mar De Schiffart kin it wol, dichtsje oer de leafde. Yn ien fan de lêste gedichten set er alles yn: de pleats, de oerstrûper en de leafde:

se droech in blauwe overal
har ljochte hier
hie se yn in troedeltsje

(…)

doe’t ik hast stilstie
seach se op en groete my

Dat is taal op syn breklikst, de bylden lûpsuver. Dit is de frou dy’t him spyt fiele lit oer it libben as boer dat er noait hân hat.

De Schiffart syn twadde bondel smakket nei mear, nei in bondel mei mear lykwicht, nei bylden dy’t fierder útkristallisearre binne. Want hy hat sjen litten dat er it kin.