Baukje Zijstra oer de Fryske oersetting fan it Boekewikekado en Hanna Bervoets oer 'Wat wy seagen'

Oersette is foar Baukje Zijlstra balansearje tusken ‘Akademy-Frysk’ en ‘praat-Frysk’. Meibewege is neffens har no mear as ea needsaak wolle wy mei ús allen de Fryske taal net nei de ‘barbysjes’ helpe. Yn de oersetting fan it Boekewikekado Wat wy seagen fan Hanna Bervoets hat se besocht dat te dwaan: meibewege.

Baukje Zijlstra.

Baukje Zijlstra. Foto Hoge Noorden/ Jaap Schaaf

Yn Wat wy seagen beskriuwt Hanna Bervoets hoe’t haadpersoan Kayleigh nei finansjele problemen in baan krije kin as kontentmoderator foar in grut online platfoarm. Se beoardielet hokker oanstjitjaande foto’s, filmkes en tirades ferwidere wurde moatte. ,,In hiel goed boek’’, seit Baukje Zijlstra (Dokkum, 1967) dy’t it oersetten hat yn it Frysk. Net allinnich fanwegen it ferhaal fûn se it in moaie put, mar ek omdat it har noch mear neitinke liet oer it belang fan it sykjen nei it ‘Frysk fan no’.

Bervoets hat hiel wat ûndersyk dien foar harren novelle. It is fiksje, mar ‘oerienkomsten mei de werklikheid binne lykwols gjin tafal’, stiet der yn de ferantwurding. De earste kear dat Zijlstra it boek lies waard se omfier blaasd. ,,Ik tocht: ik gean no fan alle sosjale media ôf.’’ Al brûkt se dy no ek al hast net.

Psychyske problemen

Wat har rekket, sûnder al tefolle fan de ynhâld priis te jaan, is dat in grut part fan de moderatoaren skynber psychyske problemen krijt. ,,It binne meast jonge minsken dy’t gjin oare keus ha, dy’t al oan de ûnderkant fan de arbeidsmerk sitte. Dit boek makket hiel goed ynfielber wat it wurk fan kontentmoderator ynhâldt: it makket minsken stikken.’’

De minsken yn it boek sjochst stadichoan feroarjen. ,,Ast hiele dagen gewelddiedige porno en oare ellinde sjochst, dan wurdt dat foar in part dyn perspektyf op de wrâld.’’ De haadpersoan tinkt op in stuit dat sy it aardich foar mekoar hat, ek yn har relaasje. Mar oan it ein docht bliken dat har wierheid net perfoarst dy fan de oar is.

Ambassadeur

Zijlstra hopet dat it boek ek wol oantreklik is om te lêzen foar guon dy’t oars hast gjin Frysk boek oppakke. ,,By in oersetting is it sa: moatst de skriuwer rjocht dwaan, it ferhaal en de personaazjes. Mar do bist ek in ‘ambassadeur’ fan de taal dêr’t it yn oerset wurdt. Dan moatst hiel bewuste keuzes meitsje: wat brûk ik hjir no wol en wat net?’’ En dat wie tagelyk moai en lestich. Yn it oersetten fan Wat wy seagen fernaam Zijlstra, hast noch mear as yn har eigen skriuwen, hoe belangryk it is dat in taal meigiet mei de tiid.

Dat sit soms al yn hiel lytse dingen. ,,Yn it Frysk hasto it, ek as iennichst bern, oer ‘ús heit’ en ‘ús mem’, it Fryske mienskipstinken yn it kwadraat. Mar Kayleigh komt net út sa’n wrâld, sy is in einzelgänger. As sy it oer har relaasje hat, hat sy it oer ‘ik en Sigrid’. Foar har is ‘ús’ fierstente smûk. Ik haw it wol tsien kear hinne en wer feroare, mar úteinlik haw ik der dochs ‘myn heit’ en ‘myn mem’ fan makke, al griist it mysels oan.’’

Sa hat se bygelyks ek alle Ingelske wurden, dy’t yn it Nederlânsk faak al yn it Griene Boekje opnaam binne, stean litten. De taalkritisy sille har dat miskien wol kwea ôf nimme, tinkt se, mar it past by dit ferhaal. Dêrom is it gjin ‘buro’ dêr’t moderatoaren efter sitte, mar in ‘desk’. ,,It wurd stiet net yn de Fryske wurdlist. It iennichste wurd dat yn de buert komt, soe ‘buro’ wêze, mar hoe Frysk is dat? ‘Desk’ is in kil en kâld wurd, ik sjoch dan in plak foar my dêr’t allegear minsken yn harren eigen hokje en ôfsluten fan de rest sitte. Foar my is it dan funksjoneel om ‘desk’ te brûken.’’

Eksperimenteare

Mar it bliuwt sykjen. ,,At de taal net mear oanslút by wat minsken brûke as sprutsen taal, ast koste wat kost fêsthâlde wolst oan in taal dy’t syn woartels hat yn in wrâld wêryn’t de measte minsken harren jild fertsjinnen yn it boerebedriuw, wylst dat net mear oanslút by hoe’t de measte minsken no libje, dan is dat ek in manier om dy taal nei de barbysjes te helpen’’, is har oertsjûging. Wat Zijlstra oanbelanget, is krekt de literatuer it plak dêr’t skriuwers mei dy ‘nije taal’ eksperimintearje kinne, besykje wat wol en net wurket yn de Fryske taal ,,en leafst net te benaud’’.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Interview
Friese taal en cultuur
Boekenweek