Ytsje Hettinga kin ûnbefongen skriuwe

Ytsje Hettinga (1946) fan Koudum skriuwt toanielstikken, koarte ferhalen, poëzij en set toanielstikken oer yn it Frysk. Begjin septimber kaam der nei fjirtjin jier wer in boek út. Hiemhûn en oare ferhalen is fold mei koarte ferhalen. Mar in skriuwer? ,,Nee, sa fiel ik my net.’’

Ytsje Hettinga:  ,,Skriuwen, wer it wei komt? It sit in my. In oar borduurt as skildert, ik betink in ferhaal.’’

Ytsje Hettinga: ,,Skriuwen, wer it wei komt? It sit in my. In oar borduurt as skildert, ik betink in ferhaal.’’ Foto Niels de Vries

Se hâldt fan de Fryske taal en fan it boartsjen mei wurden. Ytsje Hettinga (Sibrandahûs, 31 maaie 1946) is, at se bygelyks net in toanielrol ynstudearret of de bernsbern op besite hat, faak mei skriuwen dwaande. Nei fjirtjin jier leit der no har twadde bondel: Hiemhûn en oare ferhalen.

Nieuws

Meest gelezen