Wêrom’t Frankryk flugger is as Dútslân | kollum Gysbert

As diel fan myn stúdzje diplomasy krij ik no les yn ‘Franco-German Relations’. It is tige nijsgjirrich om dêr mear oer te learen, want Frankryk en Dútslân binne de haadrolspilers yn ús Europeesk yntegraasjeprojekt.

Pieter Zijlstra

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer

Ien fan de ynsichten dy’t ik opdien ha, is dat Frankryk faak earder mei nije ideeën foar Europa komt as Dútslân. Wêrom’t dat sa is, leit neffens my diels oan de ferskillen yn harren ynstitúsjonele set-up.

Lit ik earst Dútslân ferdútse (moai âld wurd foar ‘ferklearje’). Dútslân is in federale steat, wat betsjut dat de regio’s (de Bundesländer) in protte sels bepale meie. Dat is diels noch in erfskip fan syn lange histoarje as samling fan lytse keninkrykjes. Eins allinnich yn de nazitiid wie de macht yn it lân echt sintralisearre, mar dat is nimmen goed befallen. Nei de oarloch hawwe de alliearden it federalisme wer werombrocht (yn West-Dútslân) om te foarkommen dat de macht opnij yn ien persoan konsintrearre wurde soe. Sterker noch, de macht leit net iens yn ien stêd: it regear sit tsjintwurdich yn Berlyn, mar in oantal ministearjes (sa as Defensje) sitte noch yn Bonn, it Konstitúsjonele Hôf yn Karlsruhe, en de Bundesbank yn Frankfurt.