Twa ferhalen en ien gedicht winners fan Rely Jorritsmapriisfraach 2020

Elmar Kuiper.

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht.

Elmar Kuiper út Jorwert wint in Rely mei it ferhaal Ni Hao , Sjoerd Bottema út Weidum mei it ferhaal Total loss . Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht It famke .

Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl.

De prizen fan 1000 euro elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwege de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur