Trije winners fan Sjong-festival

Rowan Veltman. FOTO PIET DOUMA

Laura Kooistra (16), Lieve Smit (14) en Rowan Veltman (15) binne de trije winners fan Sjong 2021. Klaske Smid (17) krige de SjONG-tekstpriis.

Sjong, it Frysktalige sjongefestival foar de jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, kaam fan it jier út de studio fan ROC Friese Poort yn Drachten. Dêr song Laura Kooistra út Tersoal Op dy fersjoen , de Fryske oersetting fan My Immortal fan Evanescence. Rowan Veltman fan Garyp foel yn de prizen mei Myn dream , oftewol Everything I wanted fan Billie Eilish. Lieve Smit út Burgum skoarde mei Yn myn dream , eins One Day fan Tate McRae.

De sjuery bestie út de muzikale susters Elske en Femke de Walle. Raynaud Ritsma, sjonger fan Vangrail, foarme de sjuery foar de tekstpriis, dy’t der útdielde oan Klaske Smid út Himmelum en har Fryske tekst foar The Climb fan Hannah Montana. Dat waard bij har Hjoed is de dei .

De winners meie in fideoklip meitsje fan harren nûmer, mei studinten fan ROC Friese Poort Drachten. Klip- en filmmakker Cor Booy sil de boel begeliede. Sjong wurdt iens yn de twa jier organisearre troch ûnderwiisorganisaasje Cedin.

Nieuws

menu