Tjerkje fan De Kliuw, wrâldferneamd kastleinske

In strange skoaljuffer dy't gjin oarder hâlde koe, sa typearre in klant Tjerkje Huitema oait. Folkert Sijbrandij, dy't as jonge út syn sliepkeamer wei it sicht op it kafee hie, makket in toanielstik oer Tjerkje fan De Kliuw: Elk Sines.

De Kliuw leit, sa't de namme al suggerearret, op in knooppunt fan diken, in eintsje bûten Hidaard. Mear as dat knooppunt en de twa huzen dy't dêr steane, is it net. En dochs wie it kafee dat dêr mear as hûndert jier stien hat, yn de jierren santich en tachtich fan de foarige iuw in plak dêr't elkenien wêze woe. Sneintemiddeis stiene de auto's op alle (doe noch) fjouwer diken oer hûnderten meters yn de bjirmen parkeard en wie it kafee oant de lêste kante meter beset.

Nieuws

menu