Teaterman Popke van der Zee (64) ferstoarn

Froukje Reitsema en Popke van der Zee yn 2016 yn Pavljoen De Leyen yn Rottefalle wêr't sy 'Foar dy nei dy' spilen.

Froukje Reitsema en Popke van der Zee yn 2016 yn Pavljoen De Leyen yn Rottefalle wêr't sy 'Foar dy nei dy' spilen. Foto Jilmer Postma

Teaterman en âld-dosint Ingelsk Popke van der Zee is sneon ferstoarn. Hy is 64 jier wurden. Hy wie al in skoftke slim siik.

Van der Zee makke syn toanieldebút yn 1996. Hy waard yn dat jier frege troch regisseur Romke Toering foar in lyts roltsje yn it iepenloftspul In Sinterske Opera yn Jorwert. It jier dêrop folge in gruttere rol: Bill Sykes yn Oliver.