Teake Oppewal: 25 jier yn tsjinst fan de literatuer

Teake Oppewal: ,,Sa lang as der commitment oan de Fryske taal is, en dat is der, is der commitment oan de Fryske literatuer.’’ FOTO NIELS WESTRA

Nei hast 25 jier ferlit Teake Oppewal Tresoar. De literatuerbefoarderer fan Fryslân giet mei pensjoen - al sit er noch yn in ridende trein.

It plak foar in petear oer syn wurk en syn ôfskie is de Gysbert Japixseal by Tresoar. Dêr sit Teake Oppewal, omjûn troch skildere portretten fan bekroande Fryske skriuwers. Tsjêbbe Hettinga (dêr letter mear oer), Trinus Riemersma, Ypk fan der Fear, Anne Wadman: fan de muorre oereagje tsientallen grutten fan Fryslân it dekôr.

Foar him op tafel hat Oppewal boeken, kleurige brosjueres en oare neislachwurken op kreaze steapeltsjes lein. De kompjûter – mei projeksjeskerm – stiet oan, syn notysjeblok leit klear. Teake Oppewal (Droegeham, 1952) is gjin man dy’t de saken graach oan it tafal oerlit. Ek dizkear hat er him goed taret. ,,Ik bin fansels oan it weromsjen.’’

De koördinator Fryske literatuerbefoardering fan Tresoar giet mei pensjoen. Hy hat de 25 jier by de saak, of, oars sein: foar de saak, hast folmakke. Hjoed oer in wike sil er hjir wer stean, op syn eigen ôfskiedsresepsje. ,,It liket my moai ta al dy minsken mei wa’t ik plezierich oparbeide ha de hân te skodzjen. Ik haw in soad eksterne kontakten.’’

Leaver op it perron

Dat er no út in ridende trein stappe moat, fynt er spitich. ,,Ik hie myn taken leaver op it perron oerdroegen.’’ Want Oppewal is noch wakker drok mei in projekt foar Kulturele Haadstêd. Foar ‘2018’ komt der in hânsum boekje oer de Fryske literatuerskiednis út, skreaun troch Joke Corporaal It is ek bedoeld foar it middelber ûnderwerwiis en ferskynt yn it Frysk, Hollânsk, Dútsk en Ingelsk. ,,We binne der al in skoft mei dwaande. It hie der al wêze moatten, mar it giet net flugger: it is in kreatyf proses.’’

De gids moat in hânsumer ferzje wurde fan Zolang de wind van de wolken waait, in livich wurk (400 siden) út 2006, mei dêryn de skiednis fan de Fryske literatuer. Oppewal die de koördinaasje fan dat boek. Hy beskôget it as ien fan syn hichtepunten. It boek krige in soad positive reaksjes, mar der wie ek krityk. Dat begrypt er wol. ,,It is, êfterôf besjoen miskien wat te dreech foar it middelber ûnderwiis. Ien fan de kritykpunten wie ek dat it fral in ‘salontafelboek’ wêze soe. Wylst it no krekt de bedoeling wie dat minsken it maklik oppakke en trochblêdzje soene.’’

It wolkeboek is typysk foar de Fryske situaasje, seit er. De merk is hjir no ien kear sa lyts dat je by sa’n projekt in ferskaat oan ynfalshoeken tagelyk yn ien boek bringe moatte. As minsken dêroer oardielje, ferjitte se dat wolris.’’ Itselde jildt foar oplagesifers. Dy kinst no ien kear net ferlykje mei de Rânestêd. ,,Ast hjir tûzen boeken ferkeapest, is dat hiel wat.’’

‘Commitment’ oan de taal

De lêzersmerk stiet al jierren ûnder druk. De tanimmende ûntlêzing is dêr in oarsaak fan en it feit dat it Frysk as lytse taal ekstra ûnder druk stiet. Dat betsjut net dat it Fryske boek ferlern is, makket er dúdlik. ,,Sa lang’t der commitment oan de Fryske taal is, en dat is der, is der commitment oan de Fryske literatuer.’’

Oppewal is begjin jierren njoggentich begûn by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumentaasjesintrum (FLMD). Dat gie letter op yn Tresoar. As koördinator wie syn opdracht om it skriuwen en lêzen fan Frysk literêr wurk te befoarderjen en de bekendheid fan de Fryske literatuer te fergrutsjen. De Tresoarkursussen kreatyf skriuwen binne dêr in foarbyld fan. Foar guon talintfolle kursisten wie it in moai triuwke richting publikaasje of sels in priis by de Rely Jorritsmapriisfraach.

Yn syn jonge jierren hat er sels ek wolris in skoftsje flirten mei poezij. In pear kear ha der fersen fan syn hân yn tydskrift Trotwaer stien, mar grutter as dat binne syn literêre ambysjes net wurden. Oppewal hat no in tsjinstbere rol. It wie syn missy om de literatuer fierder ta bloei te bringen, om minsken oan it lêzen te krijen en om it Frysk-literêre talint foar it fuotljocht te bringen. Hy skepte mooglikheden en fluorre it paad foar de skriuwers en dichters wêr’t er koe. ,,Want der wurde in soad goede boeken skreaun.’’

Nije, Fryske skriuwers begjinne noait op nul, seit er. ,,Jo kinne je oanslute by of spegelje oan in tradysje. De koarte ferhalen fan Eppie Dam, út de jierren santich, wienen oars as dy fan Trinus Riemersma en dy die it wer oars as Hessel Miedema. Elkenien dy’t begjint, moat gewoan in soad lêze fan de foargongers. En ja, de taal bliuwt lyts, wylst in soad boeken in breder publyk fertsjinje.’’

Bysûndere minsken

It provinsjale skriuwerswrâldsje soest sjen kinne as in nijsgjirrich sosjaal systeem dat opboud is út ferskate krinkjes. De krinkjes oerlaapje elkoar op guon plakken, mar kinst net sizze dat it ien solide gehiel is. Mei in glimke: ,,Ik kin se allegear. Skriuwers binne hiel bysûndere minsken. Se hawwe in enoarme tawijing oan har wurk. Se wolle erkenning. Dat is in segening en in falkûle, want it knettert ek wolris.’’ Oppewal hat altyd socht om de ferbining mei oaren, mar moat ek tajaan dat dat net altyd slagge is. ,,Der binne ek guon mei wa’t ik gjin goed kontakt ha. Je kinne it net elkenien nei it sin meitsje.’’

As in raket gie it. De bekendheid fan de Fryske literatuer krige in geweldige stimulâns op it momint dat dichter Tsjêbbe Hettinga yn 1993 it wurd naam op de Buchmesse yn Frankfurt. Syn foardracht is legendarysk wurden. It waard net allinne de trochbraak fan Hettinga, mar it wie ek wichtich foar de byldfoarming. ,,It holp letter geweldich om oare dichters te programmearjen.’’ Oppewal siet doe krekt by it FLMD. ,,It is in moaie kasus foar de literatuerstúdzje. Sa’t de bûtenwrâld tsjin de Fryske poëzij oan seach, dat klapte yn ien kear om fan lytsachtsje nei bewûndering.’’

Soad wurk te fersetten

Mar jo kinne net hieltyd mar wer op âlde suksessen driuwe. Der bliuwt in soad wurk te fersetten. ,,Behyplik’’, neamt er lykwols de rol fan it ûnderwiis. Oppewal fynt dat der te min plak foar it Frysk op de middelbere skoallen is. ,,Skoallen hawwe it jild der net foar oer en binne bang dat de lessen op kosten geane fan de oare fakken.’’ Op dit stuit is it sa dat de provinsje al de helte fan it lean fan in learaar Frysk betellet. Mar sels sa kostet in ekstra fak oanbiede de skoalle ekstra jild. ,,We soenen der nei ta moatte dat de provinsje dat lean folslein betellet. Dan pas ha skoallen der foardiel by dat se Frysk as folweardich karfak oanbiede.’’

Hy bringt it grutte projeksjeskerm yn de Gysbert Japixseal ta libben. Oppewal wol graach sjen litte wat Tresoar der mei de NHL oan dien hat om de leararen Frysk te stypjen by it lêsûnderwiis. Der floept in webside foar it ljocht. In carrousel fan omslaggen fan Fryske boeken fljucht troch it byld. Entûsjast: ,,Dit is ‘Lezen voor de lijst’. De side helpt learlingen by it kiezen fan boeken dy’t se lêze moatte op de middelbere skoalle. Earder stienen der allinne Nederlânske boeken op, mar sûnt 2014 is der ek in hiele ôfdieling Fryske literatuer.’’

Net allinne de jongerein dy’t boeken lêze moat foar de list, mar ek meiwurkers fan biblioteken, dosinten, âlden en leden fan lêsclubs kinne dêr wat oan ha..Weromkommend op de ynspanningen fan it ûnderwiis wurdt er fel. ,,Der binne skoallen dy dogge der echt te min oan. Se ûnthâlde ús bern it Frysk. Mar âlden ha der gjin sin oan om dêr wat fan te sizzen of se fine it net wichtich genôch....’’

O sa Frysksinnich

Teake Oppewal komt út in goed grifformeard nêst yn Koudum. Heit wie dêr learaar oan de mavo. ,,We wienen o sa Frysksinnich. Us heit lies oan tafel foar út de Wumkesbibel.’’ Hy is eins in bètaman. Hy studearre, nei syn middelbere skoaltiid yn Snits, skiekunde oan de VU yn Amsterdam. Bûten syn eigen lessen om wie er jûns faak ‘tahearder’ by de kolleezjes Frysk fan Tony Feitsma en Henk Meijering. ,,Eins ha ik dêr leard wat ik op it Bogerman leare moatten hie. Ik skreau tenei safolle mooglik Frysk.’’ Just dêr, yn Amsterdam, waard syn leafde foar it Frysk oantrúnd.

En no? No moat er loskomme. Net fan it Frysk fansels, mar fan it twingende ritme fan in deistige baan. De opfolging fan syn funksje is in saak fan belied fan Tresoar. Opfallend genôch wurdt der net in nije literatuerbefoarderaar oansteld. De taken wurde ûnderbrocht by kollega’s.

Benaud is Teake Oppewal net foar de lege aginda dy’t foar him leit. Hy hat de wite siden folskreaun mei dingen dy’t er dwaan wol. Boeken steane der op, in reis meitsje nei Portugal en oan de ein fan it jier sil er nei Yndia foar de trouwerij fan in omkesizzer. Machtich dochs. Fierder hat er noch in stik as wat persoanlike projekten dy’t ôfrûning fertsjinje. ,,‘Het rijk der vrijheid’ leit foar my.’’ 

Tips fan Teake

Wat kin er de minsken noch meijaan? Oppewal hat noch wol in pear moaie literêre tips foar de lêzer. Wat minsken harren sels gunne moatte: ,,De wurdearring foar boeken is persoanlik, foar gedichten ek. In fers dêr’t ik fan wit dat it in protte minsken wat seit is Bitterswiet fan Tiny Mulder. It is klankryk, mankelyk en it is hoop en wanhoop tagelyk. En it is oerset yn in hiele protte talen, as je gasten út it bûtenlân ha kinne je har dat fers hast altyd hearre litte yn har eigen taal.’’

Wat it proaza oangiet: Ik ha my tige fermakke mei Tinzen oer it libben en oer de dea fan Trinus Riemersma út 2001. It is skreaun troch de hûn Jelke Bos en jout Jelke syn autobiografy. Syn libbensgefoel is soks as: genietsje fan dyn libben, mjêkje net en sjoch de dea manmoedich ûnder eagen. Nuchter en frij fan alle sweverich gedoch, mei in protte iroany. In kostlik boekje. Op 4 oktober ferskynt in nije útjefte by Elikser mei as titel Libben en dea neffens Jelke Bos . Tagelyk komt der in Nederlânske oersetting út by Zirimiri Press yn Amsterdam.’’

Nieuws

menu