Toanielskriuwer Hans Brans bot skrokken fan bewurking ferhaal 'Smokkelbern'. 'Verwarring maakte plaats voor verbijstering en na afloop was ik in shock'

Mei in regisseur samar, sûnder oerlis de tekst feroarje fan in skriuwer? Hans Brans fan Weidum fynt dat se syn toanieltekst Smokkelbern ûnderút helle hawwe. Hy seach it stik en werkende syn tekst net werom. Hy luts syn hannen fan de foarstelling ôf. ,,Het doet pijn. Ik heb nog nooit zoiets meegemaakt. Zo’n stuk is toch je kindje.’’

Hans Brans yn De Harmonie yn Ljouwert: ,,Met toneelschrijven is het toch zo: je wilt gezien worden, je wilt erkenning.''

Hans Brans yn De Harmonie yn Ljouwert: ,,Met toneelschrijven is het toch zo: je wilt gezien worden, je wilt erkenning.'' Foto Niels Westra

Wat sjoch ik no? Hans Brans (1951) koe syn eagen net leauwe doe’t er op 22 maart fan dit jier (it wie syn jierdei) foar it earst in part fan ’e repetysje seach fan de foarstelling Smokkelbern . Dat wie twa wike foar de premjêre yn ’e tsjerke oan It Dok op ’e Lemmer.

Nieuws

menu