Skriuwer Josse de Haan ferstoan

Josse de Haan yn 2001. Foto archief LC

Yn it sikehûs fan Bayonne, Súd-Frankryk, is snein skriuwer Josse de Haan ferstoarn. Hy is 79 jier âld wurden.

It ferskinen fan syn nije roman Passys , in tsjok ‘auto-fiksjoneel’ boek fan 724 siden, hat Josse de Haan noch krekt meimakke, Hy wenne al jierren yn Hendaye, tsjin de grins fan Spanje oan. Syn partner wie de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal.

Josse de Haan waard berne yn Peins. Hy wie jierren haad fan de legere skoalle fan Hjerbeam, in skoft mei skriuwer Trinus Riemersma as kollega. Letter waard er learaar Nederlânsk yn Skagen. Yn 1968 wie er ien fan de oprjochters fan Operaasje Fers: poëzy per tillefoan. De Haan wie yn dy tiid ek redakteur fan de literêre blêden Quatrebras , it blêd dêr’t er yn 1962 yn debutearre, en Trotwaer . Letter rjochte er in ienmanstiidskrift op: iP²r90-Rendez Vous.

Dichter ûnder ynfloed fan surrealisme en dadaïsme

De Haan manifestearre him ynearsten benammen as dichter, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Hy stie ûnder ynfloed fan it surrealisme en it dadaïsme. As iennige Fryske dichter wie er mei in tal gedichten fertsjintwurdige yn de blomlêzing Spiegel van de surrealistische poëzie in Nederland.

Yn 1972 ferskynde syn earste roman, Forneukte stêd . Ek yn syn proaza spilet it surrealisme in rol, mar likegoed in beskaat engaazjemint, literêr eksperimint en it slochtsjen fan seksuele taboes. As dichter - hy makke ek ‘byldpoëzy’ - en as proazaskriuwer wie er tige produktyf. Ien fan syn wichtichste romans, Piksjitten op snyp (1999) waard yn 2001 oersetten yn it Nederlânsk as Kikkerjaren . Yn 2007 krige er de Gysbert Japicxpriis.

Yn de kulturele bylage Freed fan kommende freed jouwe wy mear omtinken oan libben en wurk fan Josse de Haan.

Nieuws

menu