Sa bringt Gerard Rinsma popklassikers nei Fryslân

Dedicated follower of fashion waard In hiel tefreden hear fan Rinsma, en I heard it through the grapevine: Ik hearde it yn de preek snein. Gerard Rinsma bringt popklassikers op in ferrassende wize nei Fryslân, sûnder de ynhâld fan it orizjineel oan te taasten.

 Gerard Rinsma: ,,Alles dat ik te sizzen ha, stiet op dizze cd.’’ FOTO CATRINUS VAN DER VEEN

Gerard Rinsma: ,,Alles dat ik te sizzen ha, stiet op dizze cd.’’ FOTO CATRINUS VAN DER VEEN

Dûmny is er – by de PKN yn Goutum – en popmuzikant. It is net in kombinaasje dy’t in soad foarkomt. Beide, it leauwen en de muzyk, hat er al jong skipe. Hy wit noch dat er as jonkje fan in jier as sân op de jiske-amer yn it klaaihok fan it swimbad op De Gordyk stie en de oare bern tarôp dat er Paulus wie en har it evangeelje brocht. En dat dy bern de oare deis tsjin elkoar seine: ,,Sjoch, dêr rint Paulus’’.

Nieuws

Meest gelezen