'Binnenloftspul' Sûkelade lit sjen hoe dat in doarp feroare kin | Resinsje ★★★★☆
Yn in âld doarp, dêr ‘t elkenien op elkoar let en neat mei, komt in sûkeladewinkeltsje dêr ‘t je samar fan alles priuwe meie. As dêr de duvel net achter sit...

In sène út 'Sûkelade'. Foto It Moat Kinne
Sûkelade is in romantyske, Frânske film út 2000 op basis fan in Ingelske roman fan Joanne Harris út 1999. Tjerk Kooistra (bekend fan it Jorwerter Iepenloft) bewurke it filmskript sa’n tsien jier letter ta in ‘binnenloftspul’ en no is it It Moat Kinne dat der yn Broeksterwâld flink mei útpakt. Dêr lient dit stik him namentlik poerbêst foar.