Resinsje: Gean of bliuwe, hoe wie dat doe?

It rûge heidefolk, de turf, de wurkleazens, de klearbare earmoed: it heart by de genen fan de Fryske Wâlden. As dy wrâld út it earste part fan de tweintichste iuw ta libben brocht wurdt tsjin de eftergrûn fan sa’n âld wâldhúske as dat yn Houtigehage, dan kloppet it plaatsje ien op ien.

Een scène uit 'Gean of bliuwe?'.

Een scène uit 'Gean of bliuwe?'.

Yn it smûke iepenloftspul Gean of bliuwe? sit it allegear. De rike boer, de fluenske dûmny, de striidbere ûnderwizer, de obstinate arbeider en it deistich wrotten fan grize froulju. Mar ek de mienskipssin, de striidberens, it eachje tichtknipen fan de fjildwachter en de doarpsgek dy’t der noch gewoan by heart.

Nieuws

Meest gelezen