Relyprizen allinne nei de alderbêsten
In soad ynstjoeringen, amper prizen. Dat is de karakteristyk fan de seisensechstichste ôflevering fan de Rely Jorritsma-priisfraach.

De priiswinners fan 2020 mei fan linksôf Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN
Mei 56 gedichten en 32 ferhalen wie de rispinge grutter as de ôfrûne jierren. Dat der sneontemiddei yn de Oranjeseal fan it stêdhûs yn Ljouwert mar trije Relyprizen útrikt waarden, wol neffens de sjuery net sizze dat de kwaliteit fan de ynstjoerde gedichten en ferhalen leger wie as foargeande jierren.