Rauwe ôfgoaderij, geweld en bier: Baldrs Draumar sjongt oer it wylde Fryske ferline op in plaat dy't akoestysk is en dochs rûch

.
Baldrs Draumar, fan Dokkum en omkriten, hat op it poadium en op de plaat twa gesichten: soms in rûge metalband, dan wer in akoestyske folkgroep. Op har albums wikselje se dy twa gesichten ôf, en op Njord bliuwe de drums en de elektryske gitaren wer meast yn it hok.
Mar ek yn dizze folk-opset is goed te hearren dat Baldrs Draumar (mei Aant Jelle Soepboer, ek wethâlder yn Noardeast-Fryslân) in ‘heavy’ band is. Dat ha je mei bands yn de folkmetal. It sit him yn de woest oansleine akoestyske gitaren, de rauwe sang, de wyld besleine trommen. En yn de teksten.
Dy fertelle it ferhaal fan in groep Friezen út in fier ferline dy’t it net sa hiene op de Franken dy’t harren it kristlik leauwen optwinge woene en leaver harren eigen, âlde goaden folgen - Njord is der sa’n ien. Se flechten nei de Fêreu-eilannen, fochten wylde fjildslaggen út, giene dea oan de pest en dronken bier - Fan keardel en skiep is in hilarysk drinkliet.
Men moat der wol oer kinne, teksten fol ôfgoaderij en heldeferearing. Mar der is net allinne aardich wat histoarysk ûndersyk oan te pas kommen, it klinkt ek noch fûl en ryk skakearre. Dizze plaat wurdt sneon presintearre yn Iduna, Drachten.
JACOB HAAGSMA
Baldrs Draumar: Njord. Eigen behear.