Sample Text, in 'rymsizzer' en in 'wurdprutser', rapt yn linich Frysk oer linige beats. 'Ik wol it goed prate, net goedprate'

Fryske rappers, men komt se net alle dagen tsjin. Alhiel Fryske rap-albums binne al hielendal in seldsumheid. It debút fan Sample Text hjit daliks Gysbert, en dêr wol Pieter Zijlstra mar mei sizze dat er in yn lange tradysje stiet. Gysbert Japicx (1603-1666) wie ommers ek in ‘rymsizzer’, in ‘wurdprutser’ yn syn tiid, mar dan noch sûnder beats. Gysbert is nammers ek syn twadde foarnamme.

Sample Text: Gysbert (eigen behear).

Sample Text: Gysbert (eigen behear).

Sample Text wûn yn 2021 de tekstpriis fan Liet mei Underfining , dat dan ek yn twa fersys op dit album stiet: ek de winnende live-fersy mei piano, trompet en de oankundigjende deputearre Sietske Poepjes. Dat giet oer it Frysk en hoe’t dat der no by leit. Ferdwynt it of feroaret it allinnich mar?

Nieuws

menu