Produsint David Lelieveld: ,,Minsken ha behoefte oan ferhalen, oan toaniel. Dat jout krêft''

Freedtejûn soe de foarstelling Wat soesto! yn premjêre gean, it heal autobiogafyske stik fan en mei Freark Smink oer it boerelibben. Mar ja, koroana... In útdaging foar teaterprodusint David Lelieveld, dy’t hast sels boer wurden wie.

David Lelieveld: ,,Kinst de kop hingje litte, mar kinst ek de skouders ophelje. Ik ha ek in prachtich team om my hinne. Kom, efkes neitinke meiïnoar. Sykje.''

David Lelieveld: ,,Kinst de kop hingje litte, mar kinst ek de skouders ophelje. Ik ha ek in prachtich team om my hinne. Kom, efkes neitinke meiïnoar. Sykje.'' FOTO NIELS WESTRA

I t moaiste fan it buorkjen? Foar David Lelieveld (39) út Tytsjerk wie dat: nei melkerstiid de kij fuorje. ,,In oere as acht moarns. It melken is dien, hast al in protte dien, mar de dei begjint krekt, de kij binne tefreden, in moai momint. Soargje foar de bisten.”

Nieuws

menu