Poëzij mei in rantsje, oer libbens mei in rantsje: Gabrielle Terpstra dichtet oer har eigen libben. 'De smoarge wask bûten hingje'

By Gabrielle Terpstra en de oare dichters fan Pauper Poëzie giet it om poëzij mei in rantsje, oer libbens mei krekt sa’n rantsje. En dat hoecht net iens perfoarst op papier. Se studearret ôf mei in performance.

Gabrielle Terpstra:  ,,Ik bin echt bliid dat ik dy omswaai makke ha. Dat ik net mear tink: bah, dat Frysk.''

Gabrielle Terpstra: ,,Ik bin echt bliid dat ik dy omswaai makke ha. Dat ik net mear tink: bah, dat Frysk.'' Foto: Niels Westra

Tiisdeitemiddei is faaks net it meast foar de hân lizzende tiidstip foar in poëzijprojekt. ,,Mar dan nimme Arjan en ik altiten ús podcast op”, seit Gabrielle Terpstra. Arjan is dichter Arjan Hut, en dy podcast giet oer poëzij en it Frysk ,,En it idee wie earst om dit as in live-podcast te dwaan. Mar it is ek leuk foar wa’t mar binnenrinne wol. Leechdrompelich.”