Skriuwer Willem Verf koe syn personaazjes net hingje litte en hat Einte en Emine wer by-inoar brocht
Skriuwer Willem Verf (Snits, 1949) hat in nije roman skreaun. De wûndere leafde fan Emine en Einte giet oer twa persoanen út in boek dat yn 2013 ferskynde. It ferhaal hie in iepen ein. ,,Ik koe de personaazjes ek net sa ûnbestimd hingje litte’’, seit er no.

Willem Verf: ,,Ik koe harren personaazjes eins ek net sa ûnbestimd hingje litte.’’ Foto: Marcel van Kammen
It liet skriuwer Willem Verf fan Damwâld mar net los. ‘Hoe soe it libben fan Einte Jongsma en Emine ferrinne?’ Yn Bûtenman en Bûtenfrou (2013) wiene hja út mekoar gien yn Istanbûl. Einte soe in boattocht meitsje mei syn freondinne, mar kaam nea opdaagjen. Ynienen besefte er him wat er dien hie as moardner. ,,Ik ha de lêzer doe efterlitten mei in iepen ein’’, seit de skriuwer.