Paris 2024 wurdt in manjefyk feestje | Kollum Gysbert

Sa no en dan spaan ik wat om troch myn wenplak, Parys, en dan falt it al gau op dat in protte trekpleisters yn de stegers steane: it Grand Palais, de Sénat, de heale Champs-Élysées en fansels de Notre-Dame, om mar in pear te neamen. Opleverdatum: 2024. Krekt op tiid foar de Olympyske (en Paralympyske) Spullen, dy’t nei 100 jier wer weromkomme nei de Frânske haadstêd.

Pieter Zijlstra

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer

‘Paris 2024’ wurdt in evenemint om popeljend nei út te sjen, om ferskiedene redenen. Allinnich al om de ôfgryslik fette evenemintelokaasjes. Foar de Jeux Olympiques wurde nammentlik in oantal ikoanyske plakken yn en om Parys omboud ta sportarena. It beachfollybal komt rjocht neist de Eiffeltoer. Taekwondo yn it Grand Palais. De skateboarders kickflippe straks oer de obelisk fan Place de la Concorde en de hynsteriders drave lâns it Paleis fan Versailles.