Oersetter en skriuwer Harke Bremer (67) is ferstoarn. Yn syn wurk siet in protte taalrykdom en humor

. Foto: G.J.Slagter
Yn ‘e mande mei syn stúdzjemaat Jarich Hoekstra sette er yn ‘e jierren santich Asterix de Galjer oer, letter folge in hiele rige oare stripboeken. Neist in oantal Asterix-albums ferfrysken se fiif boeken fan Pieter H. Kuhn oer Kaptein Rob en tolve Tom Poes-boeken fan Marten Toonder.
Benammen yn dy lêste rige foel de grutte taalrykdom en kreativiteit fan it duo op. It slagge harren alle kearen wer om it eptige idioom fan Toonder yn hiel eigen Frysk oer te setten. De ferneamde stoplape fan Bommel ‘als je begrijpt wat ik bedoel’ waard by harren ‘dêr’t ik sa’n wurd om sis’.
Yn 1996 krigen Bremer en Hoekstra de Obe Postmapriis foar dy Bommeloersettingen. De sjuery priizge it fermogen fan it oersettersduo om fan al dy nuvere Bommeliaanske siswizen werkenber Frysk te meitsjen.
Yn harren eigen wurk beoefenen Bremer en Hoekstra in grut ferskaat oan sjenres. Sa wie Leffert in epysk gedicht yn ‘e tradysje fan de Odysee en Beowolf , De frouwepenje in histoaryske thriller. Behalve troch de grutte taalrykdom munten dy boeken út troch in fikse doasis humor.
Koartlyn ferskynde fan harren hân It smelle ûngelok , 25 balladen oer de lytse ûngelokken dy’t in minske oerkomme kinne yn it libben. Dêryn ‘nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf’. De ôfslutende Ballade fan ‘e pommeranten fan alear einiget mei: ‘O Fryslân, wêr bin Bremer en Hoekstra?/Foar harren is de seine ek al harre./Wêr is har gysgobjen en har poeha?/Wêr is de snie fan ferline jier bedarre?’
Harke Bremer waard berne yn Nes (D). Hy studearre klassike talen yn Grins en joech jierrenlang les yn dat fak oan it Gymnasium Celeanum yn Swol.