Obe Postma Selskip libbet noch en hat nij bestjoer

Obe Postma. Foto Sirkwy

It Obe Postma Selskip dat nei twa slagge jûnen yn Ljouwert (Tresoar) en Amsterdam (Perdu) oardel jier net aktyf west hat fanwege de koroanapandemy, hat tiisdei op in ledegearkomste yn Boksum ôfskie nommen fan syn sittende bestjoersleden Anne Feddema (foarsitter), Martin Reints (skriuwer) en Anneke de Vos (ponghâlder).

Op inisjatyf fan Pieter Tuinman en oprjochter Siebren van der Zwaag binne trije man ree fûn harren plak yn te nimmen, te witten Lútsen Kooistra, Rimmer Mulder en Romke Boskma. It nije bestjoer hopet sa gau mooglik mei in plan de campagne te kommen.

It Selskip telt op ’t heden 66 leden; omdat der dit jier gjin kontribúsje ynbard is, mar de bank dochs hieltyd jild ôfskreaun hat, is der no noch in lytse 80 euro yn kas. It 23ste nûmer fan it OPS-orgaan Wjerklank is ûnderwilens ferskynd en ek op de webside te lêzen.

Nieuws

Meest gelezen