Mear as poëzij op muzyk: ek op harren twadde album binne Tigers Fan Greonterp net de Elmar Kuiper Band. It passet allegearre prachtich opinoar

-

-

‘Kjel’, in prachtich Frysk wurd (‘verschrikt’ neffens Frysker). Allinnich al om sa’n wurd is it twadde album fan Tigers Fan Greonterp wolkom.

Tigers Fan Greonterp is ûntstien as kombinaasje fan de besteande band Deroels mei de foardrachtskeunst van dichter, skriuwer en skilder Elmar Kuiper. Mar it is net de Elmar Kuiper Band, ornearre it kollektyf al doe’t it titelleaze earste album útkaam, yn 2017.

En soks blykt ek al út Judastút , it nûmer dêr’t dat mearfâldich deklamearre ‘Kjel’ sa’n wichtige funksje yn hat. Der sit in feninich gûlend elektroanysk lûd efter, in theremin . ‘Rimpen ramaai ik de lûden trochinoar’, hearre wy Kuiper ek noch sizzen.

Soms sjongt Elmar Kuiper op Myn geast , dit twadde album fan Tigers Fan Greonterp. Mar meast deklamearret er, in foarm van sprutsen wurd ( spoken word ) dy’t goed past by de muzyk, dy’t noch it meast de kant fan de postpunk útskaait.

Der sit wat psychedelika, yn, wat elektroanika, jeiende ritmes, rûch skrassende gitaren. It passet allegearre skoan by de ferfrjemdzjende bylden yn te teksten. Dat komt ek troch de produksje, fan Friezen om utens Hans Wijnbergen en Joop van der Linden (fan de Amsterdam Klezmer Band).

Alles passet skoan opinoar, en dat jildt ek foar de foarmjouwing en de swartwyt-foto’s yn it boekje. In kreas pleit foar ‘fysyk produkt’ ynstee fan in keale stream . De Tigers presintearje harren twadde album sneon yn Us Gebou yn Spannum. Dêr spylje ek North Sea Noise Collective en Douwe Dykstra.

JACOB HAAGSMA

Tigers Fan Greonterp: Myn geast . Marista.