Lees hier het volledige Gouden Gurbe-juryrapport

Naast de prijswinnaars heeft de jury van de Gouden Gurbes 2019, Cilla Geurtsen (recensent LC), Immie Jonkman (directeur Oranjewoud Festival, betrokken bij LF2018, vroeger betrokken bij het iepenloftspul van Jorwert) en Gerard van der Veer (Gouden Gurbe in 2014 voor de beste hoofdrol, vier jaar artistiek leider van het iepenloftspul in Snakkerburen) voor elk iepenloftspul een uitgebreid rapport.

Lees ook: 'Oera Linda' wint Gouden Gurbe 2019, publieksprijs voor De Tynje

Bekijk hier de compilatievideo van de uitreiking van de Gouden Gurbes 2019.

1. De Riedselman fan Aldegea - Aldegea

De Riedselman is in núveraardich iepenloftspul, skreaun troch Remco Klop en basearre op in âld ferhaal oer in nijsgjirrich en respektearre man út Aldegea, dy’t tûk wie yn it opjaan fan riedsels. Yn de foarstelling draagt it haadpersonaazje de namme Hattum Alleman.

It stik giet oer de reisavontoeren fan Hattum, hoe’t hy dêrnei yn Aldegea arrivearret en dêr foar terlit soarget yn de mienskip. Yn in kluchtige humorfolle setting ferpakke skriuwer Klop en regisseur Brecht Wassenaar it sintrale tema fan dizze orizjinele foarstelling: wat is frijheid. Hattum lit al it bekinde achter him en giet op syk nei frijheid. Mar fynt er dat ek yn in mienskip dy’t him eins mar in frjemde snúter fynt?

De ploech fan Aldegea komt yn de útfiering fan De Riedselman in hiel ein. Der sit faasje yn de foarstelling mei dûns, sang en boartlike fynsten. Regisseur Brecht Wassenaar hat der mei de grutte ploech spilers in frisse foarstelling fan makke, mei somtiden absurdistyske en flot spiele sênes. Wat dat oanbelanget sit der in soad potinsje yn it iepenloftspul fan Aldegea, ek omdat it doarp aardich wat akteartalint sjen lit.

It dekôr, in mânske wite muorre fan opmekoar stapele kasten, is in moaie eye-catcher, werfan de mooglikheden pas letter yn de foarstelling brûkt wurde. It wurdt net dúdlik makke watfoar relaasje it dekôr krekt mei it fierdere stik hat. Spitich, want at je kwa foarmjouwing sa’n statement meitsje, leit it foar de hân dat soks better útwurke wurdt. Itselde jildt ek foar de tematyk fan it stik. De opbou fan it ferhaal is foar it skoft noch helder. Mar nei de ein ta falt it dochs wat as los sân útmekoar. It liket krekt at Remco Klop geandewei it skriuwproses it spoar wat bjuster rekke is. Net de syktocht nei frijheid liket noch it wichtigste thema, mar it terlit dat Hattum syn oanwêzigens yn de mienskip feroarsaket. De foarstelling giet dêrtroch wat as in nachtkears út.

It falt Aldegea te priizgjen dat der keazen is foar in orizjineel stik, wêrby’t in lokale skiednis as ynspiraasje tsjinne hat. Sokke stikken ha gau in fin mear as in bears, wat ekstra’s. Grut pluspunt is dat der aardich wat goeie spilers en in grut reservoir oan bern en jongeren yn it doarp aktearre. Dat smakket nei mear. Net wer sân jier wachtsje litte op in folgjend iepenloft.

Lees ook LC+ | Oudega in de ban van riedselman

Lees ook LC+ | Resinsje: 'De riedselman fan Aldegea' giet alle kanten út

2. Wit jim mem it wol - De Tynje

De Tynje pakte dit jier út mei de opfiering fan in regionale fertaalslach fan de populêre musical Mama Mia.  Regisseur Jelmar Hoekstra hat der in werveljende show fan makke, op in dramaturgysk fierder wat meager ferhaal. Mar de sentimental journey nei de jierren sântich fan ABBA yn kombinaasje mei de setting en sfear fan it iepenloftteater makket in soad goed. Muzikaal stiet dizze foarstelling as in hûs, mei prachtige solo’s: wat kinne in soad minsken op ‘e Tynje moai sjonge. En de sjongers dy’t minder goed by stim binne, krije stipe fan oaren, goed oer neitocht en moai opfong. Fral de ensemblenûmers yn sang en dûns fûlen op. Dêryn sjogge je hoe ’t de ploech tegearre mei de rezjy hurd wurke hat om op in heech nivo yn harmony  meielkoar te sjongen, te dûnsjen en te spyljen. En dat is tige goed slagge. Ek wurdt der troch de cast oer it generaal fris spile mei opfallende rollen foar Anneke van den Akker as fertelster/José en Wietske de Boer as Tanja.

Ek de foarmjouwing wie dik yn’e oarder: de Tynje hat dit jier it prachtige Ulesprong keazen as it dekôr foar de kemping fan Donna. De omjouwing mei de feart, it útsicht op de petgatten, de ûndergeande sinne, makket it dat je it gefoel ha dat je echt op de kemping fan Donna binne. De dekôrstikken binne tige funksjoneel yn de omjouwing pleatst. Oan de iene kant jout it spielflak yntimiteit en tagelyk bliuwt ek de wiidsheid fan de Ulesprong oerein. Alle mooglikheden fan de omjouwing waarden goed brûkt. Knap dien hear!

Wol is it ferhaal oer de leafdes fan kempingbazinne Donna wat meager en nochal foarsisber. Ek komme guon sleutelscènes net goed út de ferve, sa as de leafde tusken de jonge Donna en jonge Sam, dy’t wat skrúten spile wurdt. Toe dan, tink je op de tribune, jou mekoar in dikke tút. Mar it komt der net fan. As dan twintich jier letter it fjoer neffens it skript tusken Donna en Sam op’e nij oplôgje moat, fiele je dêr as taskôger net bot yn mei omdat de leafde – sa is je byld – earder net folle om de hakken hie. Ek hie de foarstelling oan krêft wûn, as de regisseur wat mear skrapt hie om de foarstelling wat puntiger nei in finale te lieden.

Nettsjinsteande dizze krityske noaten hat de Tynje har dit jier fan in goeie en enerzjyke kant sjen litten. Iepenloft op lokaasje yn optima forma, mei spul, sang en dûns yn in hiele moaie setting.

Lees ook LC+ | Mamma mia, zang en dans in Ulesprong

Lees ook LC+ | Recensie: Mamma Mia, wat een avond!

3. Midzomernachtdroom - Gorredijk

De versie van Midzomernachtdroom die in juni in Gorredijk gespeeld werd, was voor de beide zussen Anniek en Jolien Akkerman hun afstudeerproductie. Het is niet niets om zo’n enorme productie uit de grond te stampen. Want iedereen weet: in een iepenloft zit echt heel veel werk.

In Gorredijk is de verbinding gezocht tussen de basisschool De Treffer, de Burgemeester Harmsmaskoalle en het cultureel centrum De Skâns. In het programmaboekje over de voorstelling valt verder te lezen dat het stuk Midzomernachtdroom symbool staat voor het vinden van een weg in een onbekende toekomst. De Treffer, De Burgemeester Harmsmaskoalle en De Skâns gaan die onbekende toekomst met elkaar aan: want ze gaan in de toekomst onder één dak verder. Deze samenwerking zag je nu al terug in Gorredijk: want er was een mooie mix qua spelers van jong en oud(er).

Met minimale middelen, ook qua vormgeving en techniek, is dit iepenloft tot stand gekomen. De locatie achter de school wordt zo optimaal mogelijk gebruikt. De spelers bewegen zich vrij door het decor. Wel kunnen de spelers er alerter op zijn dat ze zorgen dat ze niet zichtbaar zijn voordat ze het podium op moeten: de theaterillusie werd meerdere keren onderbroken doordat er in de coulissen mensen klaarstonden voordat ze op mochten. De beide elfenlegers, gespeeld en gedanst door kinderen van De Treffer, brengen hun dansen vervolgens wel met overgave. Er zitten echt danstalenten tussen! In de eerste scène wordt het publiek op een frisse manier bij de voorstelling betrokken. Deze publieksparticipatie wordt vervolgens niet doorgetrokken naar de rest van de voorstelling, daar had misschien nog wel een kans gelegen.

Het stuk duurt al met al een uur: dat zijn wel heel erg veel verwikkelingen in een kort tijdsbestek in dit verder toch al niet zo eenvoudige stuk van Shakespeare. Anniek Akkerman schrijft in het programmaboekje dat ze de voorstelling niet voor haar publiek in wil vullen, maar het publiek moet zo wel echt heel hard aan het werk om te kunnen begrijpen wat er op het toneel gebeurt. Dat niet alle spelers hun tekst even goed beheersen, niet iedereen begrijpt ook echt wat hij of zij zegt, versterkt dit onbegrip nog eens. Gelukkig spelen veel spelers wel in hun eigen taal: er is dus steeds een afwisseling tussen het Fries en het Nederlands. Dat komt het spelen dan wel weer ten goede.

De insteek van Midzomernachtdroom was: “Je moet proberen voordat je kunt oordelen en je moet nieuwe dingen proberen om jezelf uit te dagen en te ontwikkelen. Of de uitkomst dan goed of fout is, beter of slechter, maakt dan niet uit.” En zo is het maar net: de zussen Akkerman hebben het maar wel mooi gedaan. En zonder nieuwe makers die hun nek uitsteken is de iepenlofttraditie ten dode opgeschreven. Dat er dus nog wel wat rammelde aan deze versie van Midzomernachtdroom is vanuit deze invalshoek bekeken zelfs positief te noemen. De verbindingen zijn gelegd en er is heel veel geleerd.

Lees ook LC+ | Recensie: Plezierige aanpak van Shakespeare

Lees ook LC+ | Shakespeare op het schoolplein

4. De lêste floed - Brantgum

Brantgum keas dit jier it boek fan Durk van der Ploeg as basis fan harren iepenloft De lêste floed. Net in maklike kar. Want it giet net allinne oer hoe’t de ôfslúting fan de Lauwerssee (dit jier 50 jier lyn en dêrtroch op’e nij yn de skynwerpers fan de aktualiteit) plak fûn hat. Nee, dy ôfslúting fan de Lauwerssee foarmet ek de kontekst weryn it universele ferhaal fan de relaasje tusken in heit en in soan him ôfspilet.

Brangtum hat der foar keazen yn dit drama de poëzij en ferbylding de romte te jaan, om de sjogger oare perspektiven te bieden op it ferhaal. It makket De lêste floed ta in rike fertelling oer grutte tema’s út it libben: oer fêsthâlde oan âlde wearden of it omearmjen fan al it nije. Wy sjogge heit Vogel as haadfiguer wrakseljen yn dat spanningsfjild. Hy bringt syn bern net al te sêftsinnich grut yn de hoop dat se letter as folwoeksene syn spoar folgje sille. Mar úteinlik rekket er alles kwyt. Syn favorite soan kiest foar in takomst bûten it sicht fan de famylje. De oare ûndergiet de leafdeleaze behanneling fan syn heit sûnder protest en siket op’e taast syn wei troch it libben.

De Fryske taal krijt goed syn gerak mei moaie en rake teksten as ‘Grutte jonges gûle net’ en ‘Angsten dy’t je net oerwinne wurde grinzen’. Wol is de fersteanberens net altyd like goed, binne en wurdt it stik benammen nei it skoft wol langtriederich. Der hie bêst noch wol wat skrapt wurde kint. Dêrnjonken wurde sênes dy’t it drama krekt fiede moatte, te flot fuortspiele. Bygelyks it momint dat heit oan de itenstafel lilk wurdt op lytse Arjen, mar ek as bliken docht dat de âldste soan net werom komt, of as dúdlik wurdt dat Arjen syn houlik foarby is. It binne de mominten dy’t it fûnemint lizze moatte foar it ûntlústerjende ein fan heit Vogel.

Oan’e oare kant binne der ek hiele moaie bylden: hoe’t mem Vogel fuortglidet de dea yn (net ien kin dat sa moai as Esther Grijpstra) én de stuorjende heit, fuortsakke yn syn stoel en yn syn doalhôf fan tinzen. In moaie aktearprestaasje fan Drys Visser, dy’t wol ried wit mei it gelaagde personaazje fan de heit.

Ek de foarmjouwing is goed fersoarge. It stik spielet tsjin de êftergrûn fan de ôfslúting fan de Lauwersmar, ein jierren sechtich. De slúzen dy’t fan ôf dy tiid de skyline fan de Lauwersmar dominearre komme yn it dekôr werom as op elkoar stapele wite kratsjes fan de fiskôfslach. Smaakfol dien. Ek it útelkoar driuwen fan de famylje Vogel wurdt moai ferbylde, de flier fan de hûskeamer driuwt geandewei it stik yn fjouwer stikken fierder útelkoar. Heit, mem en beide soannen libje hieltiid mear op in eilân. Op dy wize is de foarmjouwing op in moaie wize ferflochten mei de ynhâld it stik. Knap wurk!

Lees ook LC+ | Resinsje: Boek fan Durk van der Ploeg krijt oare dynamyk

Lees ook LC+ | Als je niet uitkijkt, zeggen de spelers, grijpt iepenloftspul De lêste floed je naar de strot

5. Macbeth fan Skotlân State - BIS/Easterwierrum

De ûntfangst yn Easterwierrum bringt je fuort yn de stimming. Je krije in kroan op je kop en as keningen en keninginnen wurde jo dêrmei bombardearre ta gast fan it twastjerrenrestaurant Skotlân State. Hege kastielmuorren omfetsje de tribunes en meitsje it iepenloftteater ta in smûk ûnderkommen.

It berneiepenloftspul bringt dit jier een frisse foarstelling, mei prachtige fynsten en fol lytse aktuele ferwizings. De tematiek is eigentiids. De âlde Shakespeare is moai ferwurke yn in moderne fertelling. Dizze Macbeth is kok yn it twastjerrenrestaurant Skotlân State. De trije heksen binne yn Easterwierrum trije jiskemannen fan de Omrin. En de kening is restauranteigner Duncan. At de jiskemannen foarsizze dat Macbeth de baas wurde kin fan Skotlân State ynspirearret dat Lady Macbeth, dy’t ek yn it restaurant meihelpt, in moardplan te betinken foar Duncan, sadat Macbeth en sy de top helje kinne.

It stik giet oer de kearside fan sukses. Macbeth en syn frou geane oer liken om oan de top te kommen. Mar dêr oan de top is mar romte foar ien. En at je dan op de top omheech sjogge, sjogge je inkeld yn it tsjuster. 

It dekôr is prachtich oanfoljend oan de foarstelling. Der wurdt goed gebrûk makke fan de romte, de grutte ôffalbult mei hûnderten jiskepûden om de keuken en it restaurant hinne, binne in moaie ferwizing nei de púnheapen werop Macbeth syn macht bout. Foar it heljen fan de top moat in hege priis betelle wurde. In moaie fynst is ek hoe’t de dea ferbylde wurdt. Krektlyk as yn in kompjoetergame wurde personaazjes yn in fjoerread ljocht set, wat betsjut dat se ôf/dea binne. Fuort dêrnei ferdwine se yn de jiskebult.

De cast fan 33 bern levert in topprestaasje. Dûns, sang en muzyk binne goed foarmekoar. Der binne in soad leuke spilers dy’t mei help fan regisseurs Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom harren rol goed delsette. Tink dêrby oan Macbeth en syn frou, mar ek Duncan, McDuff en Kontroleur Hygiëne. Al moat dy lêste wol wat in te seksueel tinte scène spylje. Eins kinne alle bern wol – sûnder grutte útsonderingen – goed meikomme. Dêrtroch krijt de foarstelling in oangenaam lykwicht. De tematiek fan de foarstelling is eigentiids en set oan ta neitinken, sawol foar jong as âld.

Wol ferlear it stik yn de twadde helte nei it skoft tempo. Der hie bêst noch wol wat tekst en lieten skrast wurde kint. De foarstelling hie dan wis oan krêft wûn. Al mei al dochs in moai jier foar BIS. Macbeth fan Skotlân State kin de skiednis yn as – in oer alle bûgen - slagge berne-iepenloft.

Lees ook LC+ | Recensie: 'Macbeth' als een lichtvoetige tragedie

Lees ook LC+ | Berneiepenloftspul brengt bloederige Macbeth in een burgerrestaurant

6. Gean of bliuwe - Houtigehage

Gean of bliuwe is de vraag die centraal staat in Houtigehage. Het verhaal gaat over Knilles: een jonge arbeider die het zwaar heeft in de Wâlden. Hij zou wel willen emigreren, maar hij is natuurlijk ook gehecht aan zijn moeder, zijn zusje, zijn omgeving. In hoog tempo volgen de verwikkelingen in Gean of bliuwe zich op totdat er uiteindelijk een keuze gemaakt wordt door Knilles.

 

Ook voor dit iepenloft, twee jaar geleden speelde men hier immers De omkearde staking, ook al een stuk geïnspireerd door de geschiedenis, blijft men in Houtigehage qua thematiek dichtbij huis. De bevolking was hier vroeger ontzettend arm: dat is onder meer nog te zien aan de kleine arbeidershuisjes die er her en der nog staan. Een van deze huisjes dient dus ook als decor voor de verwikkelingen in Gean of bliuwe. Qua vormgeving pakt Houtigehage verder niet echt uit. Wel wordt de muziek live gespeeld, zorgt het koortje voor variatie en maakt men optimaal gebruik van het hele speelveld met zo af en toe een verrassende opkomst.

Wat betreft de locatie van Gean of bliuwe is sprake van een soort letterlijke historische verankering: zo’n iepenloft hoort echt op deze plek. Wimpy de Vries heeft een nieuw verhaal geschreven deels gebaseerd op verhalen uit zijn eigen familie. Daarnaast heeft De Vries ook de regie op zich genomen. Dat heeft als voordeel dat je het verhaal van binnen en van buiten kent, maar het heeft als nadeel dat enige distantie tot je eigen werk heel ingewikkeld is. Soms zorgt juist een andere regisseur er namelijk voor dat een verhaal scherper neergezet kan worden omdat er vanuit een nieuwe invalshoek naar de basis gekeken kan worden.

Knilles, overtuigend neergezet door Jacob van der Heide, is het personage met de meeste diepgang. Je kunt heel redelijk meegaan in zijn verscheurdheid, met zijn dilemma. Dat je van veel van de overige personages niet eens weet hoe ze heten, Boer, Dominee, Master, versterkt het eendimensionale karakter van die andere personages. Het verhaal kent namelijk verder niet veel diepgang behalve dat Gean of bliuwe inzicht biedt in de schrijnende armoede die toen heerste. Zo is de Mem, gespeeld door Betty Atsma, eigenlijk allemaal maar verdrietig. Iets meer psychologische diepgang had Gean of bliuwe meer body gegeven. De koppeling naar het heden door middel van de opvoering van een Vietnamese bootvluchteling kwam namelijk niet heel goed uit de verf. Iepenloften als Gean of bliuwe, dat als ondertitel De sirkel fan it libben meekreeg, vertellen echter wel verhalen die koste wat kost verteld moeten blijven worden, want dit is ook het verhaal van Fryslân.

Lees ook LC+ | Resinsje: Gean of bliuwe, hoe wie dat doe?

Lees ook LC+ | Blijven of gaan is de vraag in Houtigehage

7. Nynke - Kollumersweach

In Kollumerzwaag is de jeugd nog steeds aan de macht. Bij het team van Masquerade bestaat namelijk zelfs het bestuur grotendeels uit jeugd. Ook het iepenloft Nynke/Nienke is weer deels ontstaan vanuit improvisatie. De verhaallijnen van het stuk zijn grotendeels gebaseerd op het levensverhaal van Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer en het door haar geschreven boek Afkes Tiental. Deze keer is er in Kollumerzwaag dus voor een zwaardere en geschiedkundige invalshoek gekozen. Maar er zijn toch ook verwijzingen naar het heden aan te wijzen: linkjes naar actuele thematiek als gender en diversiteit zijn namelijk subtiel verweven in dit iepenloft.

Het leven van Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer ging zoals bekend niet over rozen: een bekende man, Pieter Jelles Troelstra, die steeds de hort op was en andere zaken aan zijn hoofd leek te hebben en daarbovenop kwam nog eens een zware postnatale depressie. Het zijn dus geen lichte onderwerpen die de spelersploeg van Kollumerzwaag voor het voetlicht moet brengen. Om als jongere, als puber je in deze volwassen onderwerpen in te moeten leven, vraagt dus nogal wat van de spelers en met name de hoofdrolspeelster: het is lastig om Nynke heel geloofwaardig neer te zetten zonder in karikaturen te vervallen. Toch wordt er voornamelijk ‘licht’ gespeeld: het spelplezier spat van het ‘podium’ en je ziet dat deze ploeg elkaar alles gunt: iedereen helpt elkaar.

Door het inzetten van de ervaren Oetsen van der Veer als verteller, komt de voorstelling bovendien snel op gang. Oetsen neemt het publiek mee het verhaal in, terwijl hij zelf van een afstandje staat te kijken en de gebeurtenissen soms wat van ietwat ironisch commentaar voorziet. Doordat er voortdurend geschakeld wordt tussen het levensverhaal van Nynke/Sjoukje en de verhalen uit het boek Afkes tiental moeten de spelers voortdurend andere personages neerzetten. Daarnaast moeten ze steeds weer wisselen van kleding: dat wordt handig opgelost door zwarte onderkleding als basis te nemen en nieuwe accenten in wit/crème aan te brengen. Ook wordt er op tekstueel vlak soms handig en grappig gespeeld met deze personagewisselingen: ‘Ik ben nu jullie vader.”

Het decor van Nynke is eenvoudig maar doeltreffend. Er wordt gebruik gemaakt van datgene wat voorhanden is, het water, de bomen, een bruggetje, verder wordt er met minimale theatrale middelen gewerkt die toch doeltreffend zijn (de letters en jaartallen in het decor). Dat levert mooie podiumbeelden op.

Qua verhaal zakt Nynke na de pauze wel een beetje in. Ook raakt het personage van Pieter Jelles Troelstra, gespeeld door Jesse van Wieren, wat op de achtergrond. Om vanuit improvisatie een tot in de puntjes doordachte verhaallijn op de planken te krijgen, is misschien wel onmogelijk. Daar staat tegenover dat Masquerade onder leiding van regisseuses Bianca Wiersma en Eline de Vries wederom een mooie en uitdagende jongerenproductie weet te brengen waar veel geleerd en uitgeprobeerd wordt. Producties als Nynke zijn van levensbelang voor de iepenlofttraditie in Fryslân. Hier krijgen jongeren de smaak van theater te pakken.

Lees ook LC+ | Recensie: Masquerade vertilt zich aan 'Nienke'

8. Turks Fruit - Dronryp

In Dronryp heeft men voor een klassieker uit de Nederlandse literatuur en de Nederlandse film gekozen: Turks Fruit. Het verhaal over Erik en Olga stamt alweer uit 1969 en is dus alweer vijftig jaar oud. Qua aankleding heeft men in Dronryp het iepenloft grotendeels in die tijd, eind jaren zestig, geplaatst. Opvallend zijn de grote doeken op het podium die naast mooie lichtbeelden en projectjes ook op spectaculaire wijze als standbeeld dienst kunnen doen. Een heel bijzondere en efficiënte vondst. Qua podiumbeeld, lichtplan en mis-en-scène is Turks Fruit zeer verzorgd.

Het decor werkt in Dronryp vooral magisch als je midden op de tribune zit: wanneer je aan de zijkant zit, dan kun je achter het podium kijken en dan zie je dat er met rekwisieten gesleept wordt en dat de spelers klaar gaan staan voor een volgende scène. Houd de magie en de illusie in stand! De snelle decorwisselingen houden het tempo verder hoog: deze ploeg kan van het ene op het andere moment een andere sfeer neerzetten en laten voelen dat de dynamiek omslaat: dat vraagt veel samenspel.

Sommige verwijzingen naar de film haalden de vaart wel uit het verhaal: de auto scène in de film is aan de ene kant iconisch en is dus herkenbaar voor het publiek, maar in zo’n mooi vormgegeven iepenloft doet zo’n letterlijk nabootsing ook wel weer wat af aan de verbeelding. De eigenheid van Dronryp zit dit jaar dus vooral in het decor. De muziekkeuze vindt de jury ook niet heel coherent: de liedjes die gezongen worden en de nummers die gespeeld worden lijken wat willekeurig gekozen.

Jitze Grijpstra en Christina de Boer zijn daarentegen volkomen geloofwaardig in hun rollen van Erik en Olga: van het ongemakkelijke elkaar aftasten in het begin van het stuk via de wilde vrijpartijen tot en met het sterven van Olga. Ze spelen frank en vrij en ze vormen een twee-eenheid. Het is knap hoe hun naaktheid nergens ongemakkelijk wordt: ze geloven in wat ze spelen en als publiek ga je daar dan ook volkomen in mee. Je ziet Olga in haar bewegingen en voorkomen echt ouder worden in de voorstelling: knap gespeeld van Christina. Jitze weet aan de ene kant gelaagdheid aan te brengen om een volgend moment weer volkomen dienstbaar te zijn aan Christina. Wat een samenspel. Eke Born is daarnaast overtuigend in haar rol als moeder van Olga, maar ook Jan Jaap Hemmes, die de rol van de vader van Olga speelt, valt op.

Lees ook LC+ | Resinsje: ‘Turks Fruit’ moai, mar foarsisber

Lees ook LC+ | 'Turks fruit' maakt de tongen los in Dronryp

9. Junglekoarts - Siegerswoude

Sigerswâld hat foar de twadde kear in iepenloftspul: nei 2014 is dit jier keazen foar de klucht Junglekoarts. De foarstelling giet oer in rike famylje dy’t op fekânsje yn in diktatoriaal Súdamerikaansk lân yn de probleamen komt, as mem har misdraacht en de foto ferskuord fan de heechste militêr yn it lân. As se êfternei sitten wurde troch it leger, flechtet de famylje (heit, mem, dochter en beppe yn rolstoel) de jungle yn. Al gau ferdwale se en reitsje se ferwikkele yn allerhande kluchtige avontoeren.

It iepenloftspul fan Sigerswâld wurdt spile op de pleatslike kemping, dy’t prachtich ferskûle leit yn it beamtegrien fan súd-eastlik Fryslân. It earste bedriuw is situearre op in fjildsje tusken de bungalowtinten. As taskôger rekkest ferseild tusken de strjitferkeapers en merkkeaplju fan snústerijen  en souvenirs. Yn dizze boartlike setting ferskynt al gau de famylje dêr’t de foarstelling omdraait. As mem it te bûnt makket en de diktators fan it lân djip mislediget, moat de famylje de jungle yn flechtsje.

Nei in kuier oer de kemping en lâns in grutte fiver komme de taskôgers op it plak dêr’t de foarstelling him fierder ôfspilet. Fanôf in tribune sjocht it publyk hoe’t de famylje yn in natuerlik dekôr fan boskjes, wetter en in iepen plak harren troch allegear kluchtige situaasjes hinne slacht.

Op papier liket Junglekoarts in moai komysk stik, mar yn de útwurking hat de ploech fan Sigerswâld der noch wol klauen oan. De lokaasje en it natuerlike dekôr is prachtich en tige funksjoneel. De kostuums binne kleurryk en goed fersoarge en jo sjogge dat Sigerswâld in soad plesier belibbet oan it organisearjen fan in iepenloftspul. Mar de rezjy en it spul kin noch wol wat ympulsen brûke. De personaazjes spylje meastentiids op ien enerzjy. Sa is mem of stampfuortsjend lilk of bang en yn panyk. Ek beppe en heit spylje it meast op ien toanhichte en op ien tempo. De foarstelling sil oan dynamyk winne at dêr mear yn farieard en mear yn dosearre wurdt. In karakter krijt dan kleur op’e wangen en wurdt ynteressanter. Je kinne nammentlik ek flústerjend lilk of yn panyk wêze. De tochter spilet wol moai naturel en soarget foar goed tsjinwicht.

It ûntbruts him yn Sigerswâld ek noch wol wat oan ‘samenspel’. In stik wurdt sterker at je goed finetuned binne op elkoar: aksje-lústerje/opnimme-reaksje. Troch mei elkoar te spyljen en goed nei elkoar te lústerjen wurdt it mear in gehiel, ferbettert de timing en falle de grappen ek better. Benammen yn it type klucht as Junglekoarts is in goeie timing hiel wichtich. Oars wurket it net.

Nettsjinsteande de krityske noaten, hat Siegerswâld in soad each foar wat in moai iepenloft wêze moat: it romtegebrûk, de kar foar ferrassende lokaasjes en de gesellige entouraazje. In pear grutte stappen binne al set.

Lees ook LC+ | Recensie: Lang leve de lol in 'Junglekoarts'

Lees ook LC+ | Camping als jungle voor klucht met gorilla

10. Fan mûzen en mannen - Snakkerbuorren

Snakkerbuorren hat dit jier keazen foar de útfiering fan it stik Fan mûzen en mannen, basearre op it boek Of mice and men fan John Steinbeck. It stik giet oer George en syn reisgenoat en maat Lenny, dy’t ferstânlik net alhiel hûndert punten is. As earme en ambulante boerenarbeiders yn it Amerika fan de earste helte fan de 20e ieuw dreame se fan in eigen stikje grûn mei in eigen pleatske. Mar dy dreamen hawwe ek in oare reden: Lenny stiet net foar syn eigen krêften yn as hy sêfte dingen aait en knuffelt, sa as mûzen, kninen mar ek froulju.  It pleatske moat útkomst biede as feilich ûnderkommen foar de wrede bûtenwrâld, dêr’t sokke minsken as Lenny  harren mar dreech steande hâlde kinne. Dy dream sil lykwols nea útkomme. At Lenny ûnbedoeld de skoandochter fan de ranchbaas om it libben bringt, wurdt George twongen syn freon dea te sjitten. Elk begrypt syn died: foar sokke stumpers as Lenny is gjin plak yn it wrede plattelânsdekôr fan pionierend Amerika.

De foarmjouwing is smaakfol mei in dúdlike relaasje nei de tiid weryn it ferhaal spilet. Der is keazen foar in keale rezjy, sûnder live-muzyk en sang, sûnder echt gebrûk fan de omjouwing, sûnder dûns en oare teatrale foarmen. Scênes wurde mei elkoar ferbûn troch muzyk op bân.

It komt dus hiel bot oan op in goed stik yn kombinaasje mei in goeie rezjy en goed spul. En dêr giet it yn Snakkerbuorren eins dochs wol wat mis. It spul is naturel en lyts hâlden, mar berikt dêrtroch mar dreech de achterste helte fan it publyk. It ferhaal ûntwikkelt him traach en docht dêrmei datearre oan. It toanielbyld is frijwat statysk.

De foarstelling wol dan ek net echt op gong komme. Leit it tempo foar it skoft leech, yn it twadde part ûntbrekt in goeie en broeierige spanningsopbou, dy’t it publyk nei de dramatyske finale liede moat: de needlottige dea fan dy earme Lenny.

It spul fan de ploech is ridlik op nivo, al wurde de byrollen sûnder folle nuanses delset. De fertolkers fan de haadfiguren Lenny en George spylje betûft mar de freonskip tusken de beiden mist echte chemie. As George dan ûnder twang – en sûnder folle ‘innerlijke’ wrakseling – Lenny fan it libben berôvet, rekket je dat as taskôger net echt.

De fraach oan de ein is dan ek: wat wol de regisseur mei dit stik eins fertelle? Is it gewoan in moai ferhaal? Of folget se de maatskippijkrityk fan ‘sosjalist’ John Steinbeck fan doetiids? Dat it foar dûbeltsjes wol hiel dreech is om in kwartsje te wurden. Is dy maatskippijkrityk fan Steinbeck noch altyd aktueel? Werom kiest Snakkerbuorren foar it orzjineel en net foar in bewurking, dy’t it stik mooglik mear nei dizze tiid helle hie. Want krekt yn dizze tiid binne der in hiele soad dûbeltsjes dy’t graach in kwartsje wêze wolle. Steinbecks lûd is hiel bot it lûd fan dizze tiid. Dêr hie mear mei dien wurde kint. 

Lees ook LC+ | Recensie: Intens seizoenarbeiders drama in de dorpstuin

Lees ook LC+ | Stof tot nadenken in Snakkerburen

11. Oera Linda - Suwâld

Suwâld hat as iepenloftspul noch net folle ûnderfining en set fuortendaliks har tosken yn Oera Linda, de literêre falsifikaasje fan Francois Haverschmidt cum suis oer de Fryske skiednis. Dan doare je wol siz: in orizjineel stik oer in Fryskeigen ûnderwerp. Hoe pakke se dat oan yn Suwâld? 

Oera Linda is net in foarstelling foar dummies. At jo je as taskôger net ferdjippe ha yn de skiednis fan it boek, dan moat je op de tribune yn it begjin goed de kop derby ha. Mooglik hat dat foar de organisaasje ek de oanlieding west om de skriuwer Hans Brans te freegjen in ynlieding te jaan, alle jûnen in oere foar de foarstelling. It helpt je as taskôger yn it ferhaal op te gean. Mar it hie miskien better west dat skriuwer en regisseur noch wat sleutele hiene oan it earste part, om de struktuur en ferhaalline wat tagongliker te hâlden.

Foar it skoft giet Oera Linda benammen oer wat it boek beweart: dat it Fryske folk ien fan de âldste en wichtigste folken en beskavingen op de wrâld is. Op hilaryske wize wurdt it publyk meinommen nei dy tiid. Yn Monty Python-êftige scènes nimme regisseur Grytha Visser en Hans Brans krektlyk as de skriuwers fan it boek de Friezen op’e hakke. De ‘geschiedschrijving’ wurdt ôfwiksele mei de gefolgen fan dy ‘geschiedschrijving’, mei oare wurden…..wat hat dat geheimsinnige manuskript yn de wrâld feroarsake. Oan de hân fan in sektaryske groep froulju út Australië, dy’t idolaat binne fan it Fryske folk en har skiednis wurdt op absurdistyske wize sketst wat de ympakt fan it boek yn in soad fermiddens hân hat.

Nei it skoft krijt de foarstelling in oare ynfalshoeke en lading. It lit fral sjen hoe’t Francois Haverschmidt mei syn twa kompanen de falsifikaasje skreaun hat en wat de gefolgen foar himsels en oaren binne. Sa as skiednisleraar Ottema fan it Ljouwerter stêdlik gymnasium dy’t it manuskript ûntdekt, ûntsifert en by heech en by leech folhâldt dat it hjir giet om de werklike skiednis fan it Fryske folk. At der hieltyd mear lûden komme dat it om in falsifikaasje giet, is de ôfgong foar Ottema kompleet. Hy komt yn psychyske need en docht himsels tekoart. De grap slacht Haverschmidt keihurd werom yn syn eigen gesicht. De slotscène is prachtich. Syn alter ego Piet Paaltjens (de virtuoze dichter) komt yn eigen gedaante him de strop bringen. Ek foar Haverschmidt persoanlik betsjut Oera Linda de ûndergong.

De spilersploech spilet mei in soad faasje. Dirk van Weerden en Mirjam Ros binne spilers dy’t in foarstelling drage kinne. Ek de oare rolle binne goed beset. En wat kin dy Marleen de Boer dochs prachtich sjonge, en dat net allinnich, se jout de tekst ek nochris ekstra sizzenskrêft.

De rezjy is boartlik mei in soad moaie fynsten (de silly walks fan de postboades) mar ek de dramatyske sênes wurde goed en dosearre útspiele, de choreografy en it toanielbyld fan Grietine Molenbuur is yndrukwekkend en dat jildt ek foar it prachtige dekôr fan Marysia Jaworski, de mear as 70 kostuums en de fierdere foarmjouwing. Benammen it moaie gebrûk fan it iepen Fryske lânskip is hast in statement. En net te ferjitten dy waadeilânnen, dy’t ynienen feroarje yn farrende oarlochsskippen en in seeslach yn slow motion útfjochtsje.

Suwâld hat mei Oera Linda in geweldige prestaasje delset. It is fris, it is nagelnij, mar je fiele ek fuort de grutte potinsje dy’t dit jonge iepenloftspul hat: Suwâld liket in nijsgjirrige nijkommer yn de iepenloftwrâld te wurden: hâldt dit nivo fêst! spitich dat mar sa weinich minsken dit sjoen ha.

Lees ook LC+ | Resinsje: Spetterjend spektakel oer Oera Linda-boek

Lees ook LC+ | Tante Aafje en de geleerde dokters

12. NEAT - Jorwert

It jongereniepenloftspul fan Jorwert hie dit jier 21 jongeren ferlied mei te dwaan oan de foarstelling NEAT, basearre op de fenomenale jeugdroman Niets fan de Deenske skriuwster Janne Teller. Yn in lyts wat ymprovisearre iepenloftteater op in boerehiem, wurdt it sympatike NEAT opfierd.

It draait allegear om in groep jongeren dy’t op syk is nei rjochting yn harren libben. Sintraal stiet de berch fan betsjutting. Dy ûntstiet neidat skoallegenoat Lovar har teloarsteld oer wat har troch oaren oandien is, weromlutsen hat yn in beam. Elkenien moat wat weardefols op de berch lizze om har der fan te oertsjoegjen dat it libben mear as de muoite wurdich is om te libjen. Mar de berch konfrontearret de jongeren ek sels mei libbensfragen en dilemma’s. It set sels de ferhâldings yn de groep ferskriklik ûnder druk. En se krije Lovar der net mei út de beam.

Tsjin it ein makket de foarstelling in sprong yn de tiid at de jongeren in tal jierren letter op in reünie fan de skoalle inoar wer treffe. Al gau docht bliken dat Lovar net mear libbet en dat de fraach opkomt wa at hjir no ferantwurdlik foar is. De einkonkluuzje is dat se dat mei harren allen binne.

NEAT hat moaie filosofyske fynsten, dy’t foar in breed publyk tagonglik makke binne. It Frysk en Nederlânsk wurdt soepel troch elkoar hinne brûkt. Der is keazen foar ienfâldige sprek- en strjittaal. Fuck en fucking komt noch alris foarby. It krêftige fan NEAT is dat de foarstelling mei ymprovisaasje ta stân kommen is en dêrtroch hiel ticht by de belibbingswrâld leit fan de spilers sels, jongeren fan 12 oant 18 jier. Dêryn sit de oertsjoeging fan dit stik. En dat sjogge je werom yn it spul. Der wurdt mei in soad yntinsje spile, de jongere steane op de planken foar harren saak.

Mar fierders is NEAT in nochal inkelfâldige teaterfoarstelling. It jongereniepenloft fan Jorwert hat as doelstelling jongeren yn de kunde komme te litten mei teater, sûnder dat se dêr audysje foar hoege te dwaan. In prachtich útgongspunt. Mar NEAT is wol wat in foarstelling wurden dat him eins hielendal rjochtet op dialogen, dy’t meastentiids brocht wurde sûnder in echte mise-en-sêne. De akteurs rinne op, spylje harren dialooch en rinne wer ôf. At je jongeren dochs graach rûke litte wolle oan teater, werom dan net in stik weryn de spilers útdage wurde mear fan harren rol te meitsjen, minder op tekst en mear op stil spul, ynteraksje en emoasjes? Of mei oare teatrale foarmen as muzyk, dûns en sang?

Winst bliuwt dat it jongereniepenloft jongeren oan teater rûke lit, dêrmei yn in ferlet en in mooglike kweekfiver is foar oare iepenloftspullen. Hulde.

Lees ook LC+ | Recensie: Zinloosheid van alles in ‘Neat’

Lees ook LC+ | Een berg van betekenis in ‘Neat’

13. Stjer yn it Tsjuster - Jorwert

Stjer yn it tsjuster is basearre op de film Dancer in the Dark en giet oer de jonge mem Micha en har soan Milos yn in Amerikaansk arbeidersmiljeu. Micha hat in dreech libben. Troch in erflike sykte is se blyn wurden en dat sil har soan ek oerkomme at hy net binnen in jier oan syn eagen operearre wurdt. Micha docht alle war om sa gau as mooglik in flink bedrach byelkoar te krijen om de operaasje foar Milos te beteljen. Se docht dêrfoar gefaarlik wurk, omt se blyn is, yn in fabryk en dêrnjonken hat se ek nochris in baantsje om waskknipers yn te pakken. Om oan har swiere libben te ûntsnappen, lit se har fantasije gauris de frije gong nei in moaie bliere wrâld fan muzyk, sang en dûns. As krekt foar it skoft har buorman en freon Jack har it jild foar de operaasje ûnfutselt, ûntstiet der in wrakseling tusken Jack en Micha, wêrby’t se Jack mei syn eigen pistoal om it libben bringt.

Hoe’t Micha ûnder drege omstandichheden foar in better libben fan har Milos fjochtet, dêrtroch in misdriuw pleget en úteinlik har ûndergong temjitte giet wurdt as wichtichste ferhaalline fuort al ferflochten mei de ferhoaren fan de offisier fan justysje en yn de ein mei it strafproses en it útfieren fan de deastraf. De beide ferhaallinen wikselje elkoar yn heech tempo ôf en rinne floeiend ynelkoar oer. Op dizze wize kom je as taskôger yn’e kunde mei offisier Daniël Worth en mei Micha’s freonen Mel, Toby, Jack en Jasmin. Op himsels in knap skreaun konstrukt, mar geandewei it stik giet dizze foarm it ferhaal bot yn de wei sitten. Koartsein: it echte drama, dêr’t wy foar nei de notaristún kommen binne, komt net genoch fan de grûn. Sa wurdt de memmeleafde fan Micha foar har soan Milos eins net útwurke. Se aait him in kear oer it hier, mar se hat it foaral dreech mei syn opfieding. Trochdat dizze wichtige basis ûntbrekt krije ek oare ûntwikkelingen yn it stik folle minder lading, sa as de moard op Jack en letter ek har eigen dea. Troch it ûntbrekken fan in emoasjonele bân tusken mem en soan is der gjin motor dy’t it ferhaal stuwt en wurdt der gjin dramatyske kontekst oanmakke, fan werút de haadfiguer hannelt.

Dêrnjonken binne de ferhoaren fan de offisier mear bypraat- en útlizsessies oer de tiidline fan it misdriuw, as dat it de taskôger nei de ôfgrûn bringt, dêr’t Micha yntreaun wurdt. Meastentiids jouwe de ferhoarsênes ynformaasje dy’t de taskôger earder al opdien hat yn it stik. Dat komt de spanning net ten goede.

Itselde jildt ek foar de oare personaazjes, dy’t gjin romte krije foar in subtyle ynkleuring fan harren personaazje. De karakters bliuwe dêrtroch nochal iendiminsionaal. Mar it grutste probleem is dochs wol de ûnwierskynlike ferdiegening fan Micha sels. Sy wol in geheim fan Jack net priis jaan – omdat se him syn wurd jûn hat - en moat dat úteinlik mei de dea bekeapje. Safolle morele súverens makket fan Micha hast in ingel, net langer in minsk fan fleis en bloed. De slotscène weryn de deastraf útfierd wurdt, wurdt moai ferbylde, mar makket net folle emoasjes mear los.

Dêr stiet fansels tsjinoer dat Jorwert ek dit jier wer sjen lit, werom at sy al jierren yn de eredevyzje fan de Fryske iepenloftwrâld spilet. Mei in prachtige begjinscène, weryn Anke Boersma fuort sjen lit hoe’t se sjongend en dûnsjend de boel op sleeptou nimt; de virtuoze dûnssêne, dy’t krekt foar har dea Micha’s fantasijwrâld noch ien kear glitterje lit, folge troch in brekbere Micha, sjongend op de flier fan har sel. Hast net in sekonde fan it toaniel, set Anke as haadrolspylster in prestaasje fan formaat del. Technysk begaafd spieljend, mar it script en de rezjy jout har net genoch de romte om ús echt yn har siel sjen te litten. Ek it dekôr, de kostuums, de ferrassend moaie muzyk van Jorrit Laverman, de oertsjûgjende band en de technyk en mei nammen it prachtge ljocht van Patrick Kramer: it is allegear smaakfol en dik yn’e oarder.

Lees ook LC+ | Resinsje: Moai, tryst ferhaal Jorwert mist it ûnûntkombere

Lees ook LC+ | Iepenloftspul Jorwert: Dûnsje yn de fantasij

14. Animal Farm - Opsterlân

Het iepenloftspul van Opsterlân waagt zich dit jaar aan Animal Farm, het boek van George Orwell. Orwell schreef het boek in de jaren 40 van de vorige eeuw als een kritiek op het totalitaire politieke systeem van de Sovjet Unie. Het verhaalt over een groep dieren die er genoeg van heeft om als slaven van de mens te moeten leven en de macht daarom in eigen handen neemt. Het loopt uiteindelijk anders dan de meeste dieren zich hadden voorgesteld, want ook onder de dieren ontstaan al snel weer machtsverhoudingen, hebzucht en een drang naar macht. Het iepenloftspul Opsterlân wil met hun vertolking laten zien dat deze thema’s vandaag de dag nog steeds actueel zijn.

De omgeving van het iepenlofspul is prachtig. Tussen de bomen van Sparjeburd heeft Afke Manshanden met haar team in een mooi decor de boerderij van Wassenaar gecreëerd. Met simpele, maar effectieve bouwwerken zijn woning, schuur en andere bijgebouwen neergezet. In de hoek van het decor heeft de Spijkerpakkenband een plek gevonden. Zij zorgen voor de muzikale ondersteuning voor zang en dans. Ook klinken er voortdurend, door de spelers gemaakte, boerderijgeluiden.

Het verhaal heeft nog niets in kracht ingeboet, het blijft eng actueel. Maar volwassen spelers die de rol van dieren aannemen zijn moeilijk serieus te nemen, al gaat het de een wat beter af dan de ander. De impact van het stuk wordt hierdoor minder groot. Wat regisseurs Eline de Vries en Job de Roo knap hebben gedaan is de jonge spelers de rollen te geven die beslismomenten forceren. De lammetjes hebben hierin mooie rollen, goed gespeeld ook. Alle spelers spelen met groot enthousiasme, er is geen enkele speler te vinden die niet vol energie in het stuk zit. Hendrik Mulder zet het oppervarken Napoleon op overtuigende manier neer. Ook zijn hulpje, die de toepasselijke naam Krûper heeft gekregen komt goed uit de verf. Goed gedaan van Tineke Nicolai. Toch raakt het verhaal je niet heel erg, als publiek word je soms te veel afgeleid door volwassen mensen die paard, kip of varken spelen. Dat is jammer.

Voor de pauze zit er een goed tempo in het stuk, na de pauze wordt het publiek als onderdeel van het spel meegenomen de tribune op. Dat is een mooie vondst, het betekent dat het publiek al meteen weer in het stuk zit. Helaas zakt het tempo na de pauze in en is het stuk eigenlijk net iets te lang.

Het getuigt van lef om een dergelijk boek en een dergelijk, nog steeds actueel thema, te bewerken tot een iepenloftspul. Op punten is het Opsterlân zeker gelukt, op sommige punten valt er nog het een en ander te verbeteren.

Lees ook LC+ | Recensie: Napoleon legt het af tegen de natuur

Lees ook LC+ | Iepenloftspul Opsterlân: Jonge honden doen 'Animal farm'

15. Het  Hongerproces - Appelscha

Appelskea docht foar it earst mei oan de Gouden Gurbes mar hat ien fan de âldste iepenloftteaters fan Fryslân. Yn it grutte mar smûke boskteater De Koele fiert in grutte ploech spilers, figuranten en muzikanten it stik Hongerproces op, oer de lokale skiednis fan feanarbeiders, maatskiplike mistânnen en earmoede. It is de streek dêr’t foarmannen fan de arbeidersbeweging Domela Nieuwenhuis en Pieter Jelles Troelstra namme makken. Mar it stik hat sels eins ek in bisûndere skiednis: foar it earst opfierd yn 1946 is it skript ergens yn de ôfrûne desennia fuortrekke. Op basis fan de rolbesetting, dy’t letter wol wer fûn is, hat Henk Vondeling in nij Hongerproces skreaun. It is oars as de ferzje fan ’46. Want ek de moderne tiid fan mobiele tillefoans, rappers en flatscreens binne it Hongerproces ynslûpt.

De streekskiednis fan de turfstekkers sit hjoeddeis noch yn it dna fan de befolking, sjoen de grôtfolle tribunes by de trije foarstellings. Mûsstil en tige konsintrearre folget it publyk hoe’t yn 1893 trije feanarbeiders yn de gefangenis terjochte komme omdat se protestearden tsjin de earmoede en honger, weryn sy en harren húshâldings libje moasten yn Appelskea en omkriten.

Mei in soad passy bringt de spilersploech it Hongerproces foar it fuotljocht en dat wylst de haadrolspiler Marcel Moes fanwege kielklachten yn de lêste wike foar de première noch ferfongen wurde moast troch Leo de Jong.  As Domela Nieuwenhuis wie hy de ferteller yn it stik. Hy sloech him der goed trochhinne, mar de sjogger koe fierder net folle chocola meitsje fan syn rol. Benammen de kontinu wikseljende perspektiven fan werút Domela ús meinimme moast, soargen der net foar dat hy ferbinend wie mar mear betizjend. Hy skeakele hast per sin tusken de doe – en de notiid en dêrtroch hinne ek nochris tusken syn rol as ferteller (wol as net rjochte op it publyk) en syn rol as seremoanjemaster (weryn er nochris in applaus frege foar fjouwer sjongeressen of foar de boade, dy’t ea yn 1946 ek meispiele). 

De oanklaaiing (dekor en klean) is in miks fan âld en modern. Dat jildt ek foar de ferhaallinen. Benammen yn de sjongnûmers is keazen foar dizze tiid. It liket der wat byskuord, as wol de regisseur ek graach in jonger publyk oansprekke. Mar it draacht net by oan de opbou fan it stik en it drama wer’t it úteinlik hinne moat. De rap fan Herman Brood mei in Nina Hagen dy’t ‘daar moet brood in’ ropt, is wat dat oanbelanget wol wat in djiptepunt. En dat jildt ek foar de iepeningssêne, wêryn fjouwer feanarbeiders yn stil spul, tsien minuten lang turf ôffiere. Mei in teaterspektakel moat je der eins fuort stean en de oandacht fan je publyk pakke. Ek de filmkes op in grut skerm – hoe leuk ek makke – hellen wol wat it tempo derút. Fierders wienen wachtsjende akteurs yn de coulissen hiel bot sichtber en de souffleuse hiel goed te hearen foar it publyk.

Yn positive sin fûlen de scènes mei de soan fan de feanbaas en dochter Anneke fan ien fan de feroardielden op. Dy pakten it bêste út. Ek de jonge akteur dy’t de rol fan Pieter Jelles Troelstra foar syn rekken nimt foel yn positive sin op. Moai naturel en oertsjoegend spile.

It ferhaal krijt úteinlik net it dramatyske slot dat it fertsjinnet. De rjochtbankscène is moai set yn syn mise-en-scène, mar de rjochter set in nochal kluchtige stim op wertroch dizze histoaryske rjochterlike dwaling (de kearn dêr’t it stik omdraait) eins in komysk slot krijt.

Al mei al ûntbrekt it yn Appelskea oan in dúdlik konsept. It fleant eins alle kanten wat op. Yn tiid, yn foarm, yn genre en yn nivo. Der falt noch aardich wat te ferbetterjen, mar it moaie is dat Appelskea leuke jonge spilers hat dêr’t muzyk yn sit, in hiele soad enerzjy en mienskipssin om sa’n teaterstik fan de grûn te krijen en miskien wol it moaiste iepenloftteater fan Fryslân. Wat dat oanbelanget leit in moaie takomst iepen foar Appelskea yn de iepenloftspulwrâld.

Lees ook LC+ | Recensie: Broodoproer met mankementen in Appelscha

Lees ook LC+ | Iepenloftspul Het Hongerproces in zak en as: Domela is zijn stem kwijt

16. It lûd fan de mar - Wergea

Het wergeaster iepenloftspul was dit jaar een heus hoorspel. Terwijl het publiek werd rondgevaren in een praam, over prachtig water en tussen hoog riet, hoorden we het verhaal over de legende rondom It lûd fan de Mar, terwijl de spelers op de vaste wal de legende uitbeelden. Bonuspunten voor Wergea voor dit mooie, ingewikkelde en originele idee.

Het verhaal is gebaseerd op de legende die samenhangt met het droogleggen van de Grutte Wergeaster Mar. Het verhaal gaat dat bij elke eerste herfststorm van het jaar een jong meisje het leven laat. It lûd fan de mar toont en vertelt ons over de worstelingen rondom het droogleggen van het meer, de strijd tussen de boeren die meer landbouwgrond krijgen en de vissers die hun inkomsten kwijt dreigen te raken. Maar ook de strijd van de gezinnen met jonge dochters: hoe voorkomen we dat het meer dit jaar onze dochter tot zich neemt?

Het verhaal maakt goed gebruik van de omgeving. De scènes staan op de goede locaties, bebouwing en verre zichtlijnen worden goed gebruikt. Soms hoeft een decor niet ingewikkeld te zijn, we hebben daar dit jaar al een paar mooie voorbeelden van gezien. Maar het lukt Wergea om met zeer weinig middelen optimaal gebruik te maken van wat er zo ruim voorhanden is: het Friese landschap.

Met de stem van Hendrik Fridsma in onze oren varen we (natgeregend) door het achterland van Wergea. De vorm is mooi, maar mist de perfectie. We horen de scènes terwijl die op het vaste land wordt uitgebeeld, we horen dialogen. We horen elke scène twee keer, wat uiteindelijk een beetje vervelend wordt. Spelen zonder tekst is misschien wel een van de moeilijkste vormen van acteren. Het lijkt de keus van regisseurs Janneke Bergsma en Bert Sinnema te zijn om de spelers extra grote gebaren te laten maken, want bijna alle spelers doen dit. Dit komt  echter wel wat grotesk en karikaturaal over. Subtiliteit was ook prima geweest, misschien wel beter.

Maar alle lof voor de spelers, die tijdens de heftige regenval blijven doorspelen en het enthousiasme of in sommige gevallen ook de ingetogenheid blijven tonen (met grote gebaren). En ze zijn met velen!

Het verhaal mist structuur en een goed einde. Alhoewel de effecten die moeten zorgen voor de illusie van een brandende kerktoren heel erg goed werken: wat een prachtig beeld, zo aan het einde van deze tocht door het mooie landschap.

Lees ook LC+ | Resinsje: Betoverjende fartocht oer Wergeaster wetters

Lees ook LC+ | Iepenloftspul Wergea: Varen door een hoorspel

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Gouden Gurbe
Video