Inez Timmer is it wend om oarmans ferskes te fertolkjen. Dêrom is har Joni Mitchell-projekt kreas slagge | albumresinsje ★★★★☆
Joni Mitchell is de lêste tiid benammen yn it nijs omdat se har muzyk fan Spotify helle hat – solidêr mei Neil Young, Kanadezen ûnder inoar. Mar it giet by Mitchell (78) fansels om har muzyk, ek al is it net wierskynlik dat dêr, op har leeftiid en mei har sûnens, noch in protte by komt.

.
Allinne al dêrom is it goed dat oaren har ferskes sjongen bliuwe. Oan Inez Timmer is soks fansels wol tabetroud: it fertolkjen fan oarmans wurk is twadde natuer foar har, grut wurden ommers yn it Dútske musicalsirkwy. Folk (Irolt ommers, de Fryske folkrock-pioniers) en jazz (op it konservatoarium) hearre ek by har eftergrûn, en dat makket har al sa gaadlik om it wurk fan Joni Mitchell nei it Frysk te bringen.