Jan Tekstra makket skjin skip en seit hier fan syn studio op. 'Wurkje oan fiif opdrachten yn in jier moat mar net mear'
Jan Tekstra (1964) stie ferline neijier yn syn keuken en wist net mear wat hy dêr soe. De skriuwer fan lieten en teäter- en musicalskripts út Snits hie te hurd wurke en koe net mear neitinke. En doe? Tekstra makket no skjin skip. ,,It hat my oan it tinken set, it moat oars.’’

Jan Tekstra traint op skeelers foar syn rol yn musical 'De Tocht'. Foto Niels de Vries
It wie in dei as alle oaren, alteast, dat tocht Jan Tekstra. Hy wie thús yn Snits lekker hurd oan it wurk. Alles rûn wol in bytsje troch inoar: it iene skript wie noch net ôf of dêr wie it folgjende fersyk al wer. Fansels, hy koe se op tiid klear krije. Dat hy dêrom oan in pear tagelyk wurke, soks moatst kinne. En doe gong by him it ljocht út.