Joke Tjalsma en Inez Timmer: In waarme bân | Interview

Joke Tjalsma is in súksesfol aktrise, Inez Timmer sjongt de stjerren fan ’e himel. Sy binne opgroeid yn Fryslân, útflein en sûnt tsien jier wer aktyf yn teäters en sealen yn ’e provinsje. In skoftke lyn ha sy elkoar foar it earst moete. Der is in waarme bân ûntstien.

Inez Timmer (links) en Joke Tjalsma.

Inez Timmer (links) en Joke Tjalsma. Foto Hoge Noorden/ Jaap Schaaf

‘Súkses jûn’’, seit Joke Tjalsma (1957) en slacht de earms om Inez Timmer (1955) hinne. ,,Ik sjoch dy gau wer’’, antwurdet Inez. De froulju hâlde mekoar efkes stevich fêst en dan stapt Inez de doar fan De Harmonie yn Ljouwert út. Op nei de try-out fan Baas Giele Taksy. Joke ferlit de foyer en giet nei de seal dêr’t sy repetearret foar de foarstelling Bijke.

Oare ‘liga’

Nieuws

menu