In skaadhûn op de Wierumergrûnen | resinsje ★★★★☆

Omslag
Wa’t yn ‘e dize omrint, kin net folle sjen of heare. De gewoane wrâld ferdwynt yn in grize skyl. Syds Wiersma makket yn syn fyfde dichtbondel Skaadhûn de omkearde beweging. In minske ferdwynt oan it begjin fan de bondel út syn doarp. Hy lit de deistige dingen achter him nei in mislearre relaasje. En allinne ‘myn skaadhûn ha ‘k / achter op it bankje fan myn skouke set.’
Earst giet it op de famylje oan. Mei koarte bylden binne heit, mem, pakes en beppes tekene. Lykas in heit mei rollator dy’t om foto’s siket fan fuotballers, symboal foar alles wat kwyt is. De reis giet fierder as de dichter himsels ferliket mei syn heit: ‘ sa’t ik bytiden ek omstrún yn / in wâld ferteine dichters, ienlingsbern. ’ Hy is net allinne ienlingsbern bern fan syn famylje, mar ek fan deade dichters.