Foar Hindrik van der Meer (84) heart muzyk by syn libben (en ek by dat fan syn frou Beitske)

Muzikant, komponist en tekstdichter Hindrik van der Meer (Bantegea, 1938) hat in soad foar de Fryske muzyk en literatuer betsjut. Dizze wike wurde hy en syn frou Beitske Stavenga yn it sintsje set. Yn Tresoar yn Ljouwert is tongersdei in sympoasium oer de fertsjinsten fan Van der Meer foar Fryslân en freed is der in grut sjongfeest.

Hindrik en Beitske van der Meer. It pear is al 62 jier troud.

Hindrik en Beitske van der Meer. It pear is al 62 jier troud. Foto Catrinus van der Veen

Muzikant Hindrik van der Meer giet op de kruk efter de fleugel yn syn húskeamer sitten en begjint te spyljen. Werkenst fuortendaliks de klanken fan Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn! fan Waling Dykstra.

Kistharmoanium