In pynlike diskusje

Sûnt in pear jier wurdt gauris bekfjochte oer cultural appropriation, ofwol kultureel taeigenjen. Dat betsjut safolle as it oernimmen fan eleminten út de iene kultuer troch leden fan in oare kultuer. In ‘mear dominante kultuer’ wurdt der altyd by sein en dêrmei komst op in tige gefoelich punt. In minefjild, dêr’t ek omsichtich hippend suver net skeafrij út te kommen is.

Martsje de Jong, columniste.

Martsje de Jong, columniste. FOTO MARCEL JURIAN DE JONG

In grut part fan it debat liket him ta te spitsen op moade. Klean, hierdracht, sieraden, ast der even langer nei sjochst, hat suver alles wol wat fan in oare kultuer yn him. De boxer braids , sa’t de stiif tsjin ’e holle lizzende frissels by Kim Kardashian populêr waarden, hjitte eins corn rows en ha in histoarje fan tûzenen jierren yn Afrika. Op in blûn kopke wakker hip, wylst dyselde frissels op in donkere holle Ghetto binne. Net hiel posityf dus. In simmerjurk mei in kleurige print op in stôkmeager wyt model fan in grut moademerk wurdt in hit, mar as in Ghaneeske frou dy jurk hjir drage soe, is se net yntegrearre. Fyn borduerwurk op blûskes dat ôfsjoen is fan in súd-Amerikaanske ynheemske stam fertelt net langer it ferhaal fan rou, ferlies, gelok of winst dat it patroan oarspronklik útdrukt. It binne in pear út in ûneinige rige foarbylden dy’t it al sa licht ûntflambere debat oer rassisme en diskriminaasje fan nije brânstof foarsjoen hawwe.

Nieuws

menu