Dina makket lang om let in album yn it Frysk en spilet yn tsjerken. In medisyn foar besinning en ferbining

Dina moast derfoar nei Afrika reizgje, ,,en earst noch wat drûger achter de earen wurde”, mar op har nije album Medisyn sjongt se lang om let yn it Frysk. ,,Dit ferhaal kin ik allinnich yn myn memmetaal fertelle.”

Dina:  ,,Ik moast wat drûger achter de earen wêze, wat âlder. Sadat ik echt mei wat komme koe dat betsjutting hat.”

Dina: ,,Ik moast wat drûger achter de earen wêze, wat âlder. Sadat ik echt mei wat komme koe dat betsjutting hat.” Foto: Kenneth Stamp

Dina Popma wennet, om de leafde, yn Hippolytushoef. Op Wieringen, ea in eilân. ,,En dêr binne se grutsk op.” Efter hûs, in ferboude Fiat-garaazje, wie genôch romte om in kas del te setten, in glêzen bousel.