In lytse skiednis fan de Fryske rap | kollum Gysbert

Pieter Zijlstra

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer

Yn de winter fan 2019 socht ik it hiele ynternet ôf nei Fryske rap. Ik koe mar ien ding konkludearje: it bestiet hast net. Mar sûnt dy tiid hat de Fryske rapscene net stilstien.

Yn 1995 sette Remon de Jong, in jongfeint út It Hearrenfean, foar it earst wat bars op papier. It waard de earste bledside yn de Fryske rapskiednis. MC Remon groeide út ta de earste en meast suksesfolle Frysktalige rapper. Hy toerde it hiele lân troch. Sa no en dan dûkten der oare Fryske rappers op, mar de measten kamen en gienen en in echte Fryske ‘rapscene’ kaam noait fan ‘e grûn.