In betiden fleurige bewurking fan 'Peer Gynt' troch de jongerein fan Masquearde Theater

Peer Gynt is in fantast en dreamt grut. Hy dielt syn opskepperige ferhalen mei de minsken om him hinne en dy leauwe him fansels net. Op in mearke-eftige lokaasje oan de Simmerwei yn Aldwâld waard it stik Peer Gynt opfierd troch de jonge spilers fan Masquearde Theater.

Peer Gynt by de trollen.

Peer Gynt by de trollen. Foto Marcel van Kammen

It ferhaal is al in pear hûnderd jier âld en is yn 1876 skreaun troch de Noarske Hendrik Ibsen. De earme boeresoan wurdt ferstjitten út syn doarp omdat hy út frustraasje in breid ûnfiert en de nacht mei har trochbringt. Mar Peer bliuwt grut dreamen. Hy wol keizer wurde en reizget de wrâld oer.

Trollenkening

Nieuws

menu