In âld mytysk folk fan boeren - 'Fryslân yn de Gouden Iuw' fan Philippus Breuker

De Fryske identiteit is – sjoch Het rode tasje van Salverda fan Goffe Jensma – in útfining út de njoggentjinde iuw, de tiid fan de romantyk. Neffens Philippus Breuker wie it lykwols net de earste kear dat de Friezen harsels op it boarst sloegen om har fan de Hollanners te ûnderskieden. Dat diene se 200 jier earder ek al. Sjoch syn nije boek, Fryslân yn de Gouden Iuw.

Philippus Breuker, emeritus heechlearaar Frysk.

Philippus Breuker, emeritus heechlearaar Frysk. Foto: Niels de Vries

It moaiste foar in wittenskipper – Breuker is emeritus heechlearaar Frysk oan de Universiteit Van Amsterdam – is as er by it skriuwen fan in boek sa no en dan wat ûntdekt dat kollega-wittenskippers net earder sjoen of oars ynterpreteard hawwe. Sa fûn Breuker (Skingen, 1939), troch in oantal fynsten mei-elkoar te kombinearjen, dat it hûs fan de bekende boekferkeaper Johannes Arcerius yn Frjentsjer om 1640 hinne in skoft ûnderdak bea oan debattearjende en drinkende studinten. It moat in soarte fan sûpkeet west ha dêr’t studinten mei-elkoar filosofearren oer de ideeën fan Descartes, Copernicus en harren tiidgenoaten.

Nieuws

menu