Ha Google, ferstiesto my? Sels it almachtige Google hat ús minderheidstaaltsje noch net yn ‘e fingers | Kollum Gysbert

‘Kijk deze oude foto over jou’ appte beppe my, mei sa’n link linkje derby. Seis wurden, en noch wie it de hacker slagge om in taalflater te slaan. Dan doel ik net iens op it ferkearde foarsetsel, mar foaral op de taalkar: ús beppe soe my noait yn it Nederlânsk appe. Handich dus eigentlik, dat it Frysk digitaal efterrint.

Pieter Zijlstra schrijft voor de LC de column Gysbert.

Pieter Zijlstra schrijft voor de LC de column Gysbert.

In scammer sil krekt wat betider út bêd moatte as er in Fryskprater bedonderje wol. Beppe hat ûnderwilens in nij wachtwurd en ik leau net dat er slachtoffers fallen binne. Ik tink ek dat de trochsneed Frysktalich âlder noait falle sil foar de ynmiddels wolbekende ‘Hoi pap, dit is mijn nieuwe nummer’-phishingtrúk. Us heit soe ommers raar opsjen at ik him ynienen pap neam. Skeelt dat even.

Nieuws

menu