Grutte emoasjes en humor yn MeM | Recensie Ferlies yn Lockdown ★★★★☆

Nei in lokkich houlik fan 45 jier hat Douwe syn frou Durkje oan it koroa-nafirus ferlern. Net lang nei de útfeart stapt er it lytse keammerke yn dat er altyd mei Durkje dield hat: dêr sil syn bestean him ynearsten, alhiel neffens de quarantainefoarskriften, ôfspylje. It is it begjin fan in reis nei binnen, nei Douwe syn tink- en gefoelswrâld.

Gerrit Haaksma speelt Douwe in de voorstelling Ferlies yn lockdown. Achter de acteur hangen zijn trouwfoto en een jeugdfoto van Tet Rozendal.

Gerrit Haaksma speelt Douwe in de voorstelling Ferlies yn lockdown. Achter de acteur hangen zijn trouwfoto en een jeugdfoto van Tet Rozendal. FOTO MARCEL VAN KAMMEN

Ferlies yn Lockdown is in solofoarstelling, mar Douwe stiet der net folslein allinne foar. Sa hat er oer de ynterkom geregeld kontakt mei dochter Anke. Dy docht boadskippen foar him, sprekt him moed yn, seit dat se fan him hâldt en regelet sels in digitale kursus mindfulness foar him. Mindfulnessdosinte Ingrid is de oare persoan dy’t derfoar soarget dat Douwe net folslein feriensumet en ferjremdet fan de wrâld om him hinne.

Nieuws

menu