Griet Wiersma is al tritich jier as artyst ûnderweis, har aginda streamt wer fol. 'Alles is ek sa leuk'

De aginda fan Griet Wiersma streamt wer fol. Sjonge op in boat, yn in tehûs foar âlderein en meikoarten op stap mei Geert van Tuinen. Dan binne der ek noch de optredens mei FLJIMSK: it teaterselskip fan har, Piter Wilkens en Minze Dijksma. ,,Alles is ek sa leuk.’’

Griet Wiersma.

Griet Wiersma. FOTO MARCEL VAN KAMMEN

Feikje en Bonny geane as wylden tekear at der op de bel drukt wurdt. ,,Goed folk, rêstich mar’’, seit Griet Wiersma tsjin de stabij en lytse boomer at se de doar fan har hûs yn Wâlterswâld iepen docht. Se stopje mei blaffen, de sturten gjin fleurich hin en wer, it sit wol goed mei de besite.

Nieuws

Meest gelezen