Fryske Akademy, meitsje in rymwurdboek! | Kollum Gysbert
Ik bin parttime Frysk rapper en mei dêrom graach rymje. Wannear’t ik dêr wat mei ompiel, sit ik soms om in rymwurd ferlegen. Foar Nederlânske en Ingelske teksten kin in online rymwurdboek dan útkomst jaan. Mar foar it Frysk bestiet soks noch net. Heech tiid om dat te feroarjen.

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer
Oftst no aspirant-dichter, hobbyrapper, helpsinteklaas of alle trije bist: in deeglik rymwurdboek kin it skriuwen fan Fryske rimelerijen in stik tagonkliker meitsje. De technyk efter in rymwurdboek liket op it each net sa yngewikkeld.