Frjemde talen leare yn it AI-tiidrek | Kollum Gysbert

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer
No’t spraaktechnology en keunstmjittige yntelliginsje de minske linksom en rjochtsom ynhellet, kinst dy ôffreegje oft it it noch wol wurdich is om frjemde talen te learen. Ik mien fan wol. Sterker noch: digitale mooglikheden jouwe sels in ekstra reden om dy muoite te nimmen.
Wy befine ús te midden fan ferskiedene ûntwikkelingen dy’t it minder oantreklik meitsje om frjemde talen te learen. Om te begjinnen leare minsken oer de hiele wrâld hieltyd better Ingelsk. Yn Nederlân wurdt in goed nivo Ingelsk al lang sjoen in ‘must’, mar ek yn de rest fan de EU jouwe de statistiken inselde patroan oan: elke nije generaasje kin better Ingelsk as de foarige. Wêrom soest dan noch Dútsk leare?
Wêrom soest dan noch Frânsk leare?
Dêrneist wurde websiden troch taaltechnology en keunstmjittige yntelliginsje hieltyd better yn it oersetten fan teksten. Stel dy foar datst in Frânsktalich mailtsje stjoere moatst. Yn de foarige iuw hiest dan omwrotte moatten mei in wurdboek. Sûnt dizze iuw kinst terjochte by websiden as Google Vertalen, dy’t yn in eachwink in tekst oersette dy’tst earst sels yn it Nederlânsk opsteld hast. Mar sûnt in pear moannen, mei de opkomst fan AI-assistinten as ChatGPT, kinst sels dat opstellen dwaan litte troch de kompjûter. Wêrom soest dan noch Frânsk leare?
Wêrom soest noch, as 70 prosint fan de minsken dy’tst oait tsjinkomme silst straks goed Ingelsk sprekt, en taalapplikaasjes folsteane om mei de oare 30 prsont te kommunisearen? Ast oer in pear jier yn it bûtenlân omspane kinst mei in spesjale bril en eardopkes dy’t alles live foar dy oersette: wêrom soest dan noch de tiid, muoite en dissipline opbringe om in frjemde taal te learen?
No, omdat in taal mear is as in kommunikaasjemiddel. It sels eigen meitsjen fan in taal jout foardielen dy’t in kompjûter noait ferfange kin.
Mei in taal learst nammentlik ek in kultuer kennen. In taal reflektearret de skiednis en mentaliteit fan in bepaalde mienskip. Dy eftergrûn bepaalt watfoar metafoaren der brûkt wurde, hoe’t frjemden oansprutsen wurde, of mei hokker toan en termen polityk bedreaun wurdt. Learst Dútsk en Frânsk taal, dan learst ek de Dútsers en Frânsen te begripen.
Dêrneist giet der mei it learen fan in taal in hiele wrâld foar dy iepen fan nije films, boeken, podcasts en oare media. Tink dy ris yn hoefolle skitterende muzyk der yn oare talen bestiet, mar dy’tst noait beharkest, omt’st it troch de taalbarriêre noait tsjinkomst. De digitale foarsjenningen dêr’t wy tsjintwurdich oer beskikke jouwe dus eins in ekstra reden om frjemde talen te learen. Al dy goeie ferskes binne no ommers folle better beskikber as eartiids. Plus, ast in kear in wurd net witst, kinst it hiel flot opsykje.
De minsklike konneksje is ek net ferfangber
Ta beslút is de minsklike konneksje ek net ferfangber. Minsken wurdearje it ast de muoite nimst om har oan te sprekken yn harren eigen taal. It makket se iepener, behelpsemer, it leveret dy respekt op en fan tiid tot tiid in freon. Nelson Mandela sei: ,,Ast mei immen praatst yn in taal dy’t er ferstiet, dan giet dat nei syn holle. Ast mei him praatst yn syn eigen taal, dan giet dat nei syn hert.”
Ek yn it AI-tiidperk is it learen fan frjemde talen dus net in fuortsmiten muoite. Wa’t him der oan weaget, pikt der altyd in stikje kultuer mei op, in stikje minskekennis, in stikje wrâldkunde, en in bulte persoanlike ûntwikkeling.
pgzijlstra@live.nl