It nijste boek fan Oebele Vries giet oer Jan Bartele Vries: 'Foar 100 persint Dútsk nasjonaal-sosjalist'

Shockearre en tagelyk fassinearre waard er troch syn ûndersyk foar In ekstremist út Westergeast. It nijste boek fan Oebele Vries giet oer Jan Bartele Vries: nasjonaal-sosjalist, Frysk nasjonalist en yn ‘e ban fan it Oera Linda Boek (OLB) en wite wiven.

Oebele Vries uit Westergeest, heeft een boek geschreven over fout familielid

Oebele Vries uit Westergeest, heeft een boek geschreven over fout familielid Foto: Jacob van Essen

,,De minsken tinke soms dat er in omke fan my is. Miskien dat ik dit boek ek wol skreaun ha om dúdlik te meitsjen dat er fiere famylje is, in achterneef fan ús pake.’‘